NIJS   07-03-2019


No’t it stof wat delslein is

Woansdei 20 febrewaris 2019, yn in ekstra ‘debat en beslút’ is dúdlik wurden dat de breuk tusken de FNP en CDA/VVD definityf is. De yntsjinne moasje fan wantrouwen tsjin de beide FNP wethâlders is oannaam troch in mearderheid fan de ried. De wethâlders hawwe dêrnei fuort har ûntslach yntsjinne.

"Wy fiele ús bot stipe troch alle reaksjes!" (Fraksje FNP de Fryske Marren)

Om de FNP fraksje hie it safier net komme hoecht. Foaral ek omdat it kolleezje goed op wei wie. It skeel gie tusken de fraksjes fan de FNP en CDA/VVD. Dat hie neffens ús noch te reparearjen west, mar de doar wie en bleau ticht.

 

De doar wie ticht omdat "we draaid wiene en mei ‘gespleten’ tonge sprutsen". Letter wie it draaien net it probleem, mar ha wy de útstutsen hân net oannaam en ha wy ús net kollegiaal toand.

 

Hoe dan ek, it is sa’t it is en dat hakt der flink yn. De sfear yn de fraksje is aldergelokst altyd goed bleaun en ek de relaasje mei ús (untusken eks) wethâlders ek. Wy fiele ús bot stipe troch de reaksjes dy’t wy krigen ha, sawol foar as nei it beslút. Foar ús befêstiget dat dat wy in goed beslút naam ha.

 

Wy gean no mei fleur en faasje en konstruktyf op basis fan arguminten fierder. Wy wolle, krekt sa as wy dat fan ôf it begjin dien hawwe it bêste foar de gemeente en har ynwenners. Wy ha yntusken alwer in petear hân oer it bestimmingsplan Tramdyk West / Binnen de Rondweg en in debat oer in sinnepark by de Lemsterhoek.



Tags: fnp fryslan, polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer