NIJS   27-03-2019


Fragen oer Lemsterstrân oan kolleezje B&W De Fryske Marren

De gemeente Lemsterlân hat eartiids mei de eigner fan it paviljoen/swimbad, op it strân fan De Lemmer, ôfspraken makke oer it skjinhâlden fan it strân.

"Makket gemeente it Lemsterstrân no sels skjin?" (Jan Volbeda befreget B&W De Fryske Marren)

De ûndernimmer soe dêr in fergoeding fan €18.000,- jiers foar krije. No't bliken docht dat net de ûndernimmer, mar de gemeente sels it strân skjin hâldt, wolle de beide fraksjes witte hoe't dit sa kin:

 

"Kloppet it dat de ûndernimmer €18.000,- per jier kriget? Kloppet it dat de gemeente it strân sels skjin hâlde moat? Sa ja, hoe lang duorret soks al en as it sa is moat de ûndernimmer dan ek in bedrach werom betelje?

Mocht dizze sitewaasje al in jier as 5 / 6 bestean, dan giet it al gau oer € 100.000 euro en dat is in protte jild. Mei belangstelling sjogge wy de antwurden fan it kolleezje yn 'e mjitte," sa fine beide fraksjes by monde fan Sake Barelds (NCPN) en Jan Volbeda (FNP).



Tags: polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer