NIJS 16-10-2019
FNP is kritysk oer liening foar Sybrandy’s
Woansdeitejûn 16 oktober wie der foar de gemeenteried fan De Fryske Marren in ekstra riedsgearkomste belein. Oanlieding dêrta wie it foarnimmen fan it Kolleezje fan Boargemaster & Wethâlders om €450.000 te lienen oan ûndernimmer Jaarsma, om dêrmei it boarterspark Sybrandy’s oer te nimmen.
"FNP DFM kritysk oer liening foar Sybrandy’s" (Fraksjefoarsitter Jan Volbeda)
Trije brillen
Fraksjefoarsitter Jan Volbeda hat de ynbring fan de FNP oan de hân fan de trije rollen fan in gemeenteriedslid beljochte. Yn de earste rol, dy fan de folksfertsjinwurdiger, konstatearje wy dat der in soad draachflak yn de omjouwing is. Yn dizze rol fine wy dat Sybrandy’s rêden wurde moat en Jaarsma dêrmei holpen wurde moat om dit te realisearjen. Want, sa seit Volbeda: "Wy jouwe in stim oan al dy minsken dy't Sybrandy's graach behâlde wolle foar de regio Gaasterlân."
De gemeenteried hat ek twa oare rollen; dy fan kadersteller en dy fan kontroleur. Yn dizze rollen hat de FNP dochs fragen en winsken foar de portefúljehâlder. Is it realistysk om fan de ûndernimmer te ferwachtsjen dat hy yn 10 jier tiid in bedrach fan €500.000 ôfbetelje kin? Moat der noch in natuertoets ôfnaam wurde en komt hjirmei de iepeningsdatum ek yn gefaar? Bliuwe de yntreeprizen leech? Soe it ek in presedint skeppe kinne foar oare ûndernimmers?
Dan wie der ek ûndúdlikens oer it punt as it wol as net tasteane ‘staatssteun’ is. Jan Volbeda dêroer: "Wy hawwe op dit stuit gjin dúdlikheid as hjir sprake is fan ‘ongeoorloofde staatssteun’. Mocht letter blike dat soks wol it gefal is, soe it samar kinne dat it Kolleezje werom fluite wurdt en dat we hjir mei-elkoar foar neat oan it fergaderjen binne." Yn in reaksje dêrop joech de wethâlder oan dat dit noch troch in ekstern buro ûndersocht wurde sil.
Beslút
Oan de ein fan it betooch kaam Jan Volbeda ta de konklúzje dat oan de gemeenteried allinne ‘wensen en bedenkingen’ frege wurde. Dat betsjut dat der gjin beslút fan de Ried frege wurdt. Dêrom is dit in plan fan it Kolleezje en dêrom sil it Kolleezje ek sels de einôfwaging meitsje moatte. De FNP is yn de kearn flak foar it behâld fan it boarterspark yn dizze nije foarm. Dochs is de FNP kritysk oer de finansjele konstruksje; dêr binne noch in soad fraachtekens. Fierders jout de FNP mei oan it Kolleezje: ‘stryk de ploaien glêd foardat wy ússels earne oan bine’.
Foto: Sybrandys.nl
Tags:
Jongerein,
Natuer en lanskip,
Thus yn Fryslan
MEAR OER DIT ÛNDERWERP