NIJS 22-11-2019
Utnûging temajûn enerzjy
Freed 13 desimber
De Treemter yn Balk
19.30 oere
"Temajûn enerzjy FNP De Fryske Marren" (Freed 13 desimber yn de Treemter)
Fan ûnderen op. Dat is it motto fan de FNP. No’t wij fan it gas ôf moatte en it klimaat hoedzje wolle leit der in kâns foar ús as ynwenners. We bepale op ‘e nij hoe’t wij enerzjy opwekke wolle. Doarpen en regio’s kinne dêr in rol yn nimme. Ek de jongerein kin no meibepale hoe’t har omjouwing der aanst útsjocht. Meidwaan? Kom dan 13 desimber nei de Treemter yn Balk.
Sprekkers fan dizze jûn: Tjeerd Osinga fan ECG (Energie Cooperatie Gaasterland), Wouter van der Galien fan ‘Energie van Ons’, Sjoerd Ypma fan ‘Warm Heeg’ en de Fryske enerzjykommissaris Bouwe de Boer.
De ECG (Energie Coöperatie Gaasterland) is al in skoft dwaande mei it stimulearjen fan minsken en bedriuwen om de griene enerzjy fan sinnepanielen te brûken. Of om se sels op har dak te lizzen, of om mei te dwaan oan in projekt. ‘Energie van Ons’, is de oerkoepeljende noardlike koöperative griene enerzjyleveransier.
‘Warm Heeg’ is dwaande mei in plan om de waarmte fan it wetter fan de Hegemer Mar te brûken foar de ferwaarming fan Heech. Dat liket ek in brûkber idee foar ús gemeente. It ûntbrekt ús net oan wetter.
Bouwe de Boer is al jierren dwaande mei duorsume enerzjy. Hij is fan betinken dat benammen de jeugd stâl jaan moatte soe oan de omslach nei skjinne enerzjy. Sij libje ommers mei de gefolgen. Ek de froulju soenen har lûd mear hearre litte kinne neffens De Boer.
Reservearje dizze datum!
https://defryskemarren.fnp.frl/
https://nl-nl.facebook.com/FNPDFM/
https://twitter.com/fnpdfm
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP