NIJS   21-01-2020


Maatskiplik debat en ûnôfhinklik ûndersyk nedich oer 5G

Yn de gemeenteriedsgearkomste fan 22 jannewaris 2020 sil de FNP in moasje yntsjinje wêryn it Kolleezje fersocht wurdt om lanlik oan te trunen op in breed maatskiplik debat en in ûnôfhinklik wittenskiplik ûndersyk oer de gefolgen fan 5G.

"Maatskiplik debat en ûndersyk nedich oer 5G" (FNP De Fryske Marren)

Yn dizze moasje wurdt it Kolleezje fersocht om in brief te rjochtsjen oan de foarsitter fan de Twadde Keamer en de ferantwurdlik steatssekretaris op dit dossier. Yn dizze brief wurdt oproppen ta sekuerens, mear tiid foar in maatskiplik debat, in debat nei oanlieding fan it advys fan de Gezondheidsraad en in ûnôfhinklik wittenskiplik ûndersyk nei de gefolgen fan de strieling op minske, bist en natuer.

 

De ôfrûne moannen hat de gemeenteried fan De Fryske Marren tsientallen brieven krigen mei soargen oer de útrol fan it 5G-netwurk. Dizze soargen binne ûnderstreke troch guon ynwenners fan ús gemeente mei it oanbieden fan in petysje oan it Kolleezje. Genôch reden foar de FNP om wat te dwaan mei dit sinjaal.

Nettsjinsteande dat minsken en bedriuwen der it foardiel fan ynsjogge, binne der ek in lûden dy't warskôgje foar de effekten fan de strieling fan 5G. Op dit stuit is der amper ûndersyk dien nei de gefolgen hjirfan en de ûndersiken dy't der binne wize út dat de strieling foar guon minsken fiergeande gefolgen hawwe kin. De soargen wurde net allinne yn ús gemeente utere, sa krije wy ek sinjalen út oare parten fan it lân.

 

De FNP begrypt de soargen omtrint de sûnens it wolwêzen en de privacy, en hat dêrom it inisjatyf nommen om in moasje yn te tsjinjen oer 5G. Der is op dit stuit noch in soad ûnwis oer de gefolgen fan 5G. Litte wy earst dizze gefolgen better yn byld krije foardat der in beslút nommen wurdt. Wy moatte de sûnens en it wolwêzen fan minsk, bist en natuer gjin ûndergeskikt belang meitsje oan dizze technologyske ûntwikkeling.



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer