NIJS   28-02-2020


Nije bestimming foar garaazje oan de Dubbelstrjitte yn Balk

De ried is der
wiis mei dat der apparteminten komme sille yn it sintrum fan Balk. In moaie
ynfolling foar in moai en prominint plak. Mar de ried wol ek dat der opnij nei
de plannen sjoen wurdt. Dat die bliken yn de riedsgearkomste fan woansdei 26
febrewaris.


De ried hat reserves oangeande it plan fan 25 apparteminten. Alle beswieren (ek fan omwenners, pleatslik belang en Hûs en Hiem) giene oer it ‘bouwvolume', dus oer de omfang fan it gebou. De ried frege derom it Kolleezje yn de persoan fan wethâlder De Jong om wer yn petear te gean mei de inisjatyfnimmer en dêrby omwenners, pleatslik belang, Hûs en Hiem en eventueel oare belangstellenden te belûken. En om sa in breed droegen plan te meitsjen wêr't de Balksters grutsk op wêze sille.

  

Dubbelstrjitte

De wethâlder reagearre wat kiezzich. Hy ferwiet de ried te min each te hawwen foar de kwaliteit fan dit plan. Der is mear as allinne de hichte, it giet foaral om ritme, yndieling, kleur en útstrieling fan it gebou, sa sei er. Roppe dat der in ferdjipping ôf moat is fierstente koart troch de bocht, neffens de wethâlder. Boppedat moat it in oantreklik gehiel wurde mei it plein.

 

Uteinlik die de wethâlder de tasizzing om wer yn petear te gean. En net om te sykjen nei draachflak foar dit plan, mar om te sykjen nei in plan wêr't draachflak foar is. 



Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer