NIJS   05-01-2013


'Mear foech en middels foar Fryslân!'

‘It kabinet wol Fryslân opheffe. Mar it ryk moat gewoan syn ferplichtingen neikomme, sa ‘t dat yn it minderhedeferdrach beskreaun stiet.

Oernommen fan FNP.nl:
 

Annigje Toering 2012 05 'De Friezen binne ommers de iennichste erkende minderheid yn Nederlân. It ferdwinen fan Fryslân as bestjoersienheid is yn striid mei de geast fan it ferdrach.'

 

Dat sei fraksjefoarsitter Annigje Toering fan de FNP hjoed op De Lemmer op de Nijjiersgearsit fan de Fryske Nasjonale Partij. Sy rôp har partijgenoaten op om te striden tsjin it Haachske tinken.

 

Toering hie gjin goed wurd oer foar de ‘goarre fan de skaalfergrutting en it opskalen dat Den Haach en de Haachske bestjoerders folslein yn de macht hat'. Bestjoerlike reorganisaasje nei bestjoerlike reorganisaasje komt neffens Toering oer Fryslân hinne, mar sûnder dat Fryslân der sels wat oer te sizzen hat. Plysje, rjochtbank, gemeentlike wêryndielings, Toering: ‘It eachweid fan de bestjoerders rikt net fierder as de Rânestêd, útsein yn ferkiezingstiid...'

 

 
 

It alternatyf is neffens Toering helder: "mear foech en middels foar Fryslân!" In sterk Fryslân, dat har net fuort besúnigje lit, mar in stevige Provinsje, dy 't sels mei problemen as krisis en krimp rêdt. In belutsen Provinsje, ticht by de minsken. In selsbewuste Provinsje mei in iepen finansjele húshâlding. Mei Nuonjild, dat fan Fryslân en de Friezen is. Wy litte ús dat net ûntfytmanje!

 

Toering: "Wy moatte ús beriede op in strategy om in grutter bestjoerlik foech foar Fryslân ôf te twingen en as FNP meidwaan oan de Twadde-Keamer-ferkiezings." Binnen de FNP geane mear stimmen op om dat paad te gean.

 
 


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer