NIJS   12-03-2020


Yn memoriam: Menno de Jong

It sil sa'n 4 jier lyn wêze dat we as FNP yn De Fryske Marren yn de kunde kommen binne mei Menno. Menno wie, tegearre mei syn maat Wybren Landman, op in jûn 'Gast fan de rie'.

"Menno de Jong" (Yn memoriam)

Jo sjogge dan op sa'n jûn even achter de skermen yn it gemeentehûs. Dizze jûn wie ús âldste riedslid Wiebe Hoekstra ien fan de gasthearen. Wiebe noege de jonges út, mochten se mear witte wolle, om ris in jûn by de FNP mei te meitsjen. Menno naam de útnoeging oan en kaam by ús fraksje del. Hy is bleaun! Doe't dr ek noch in fakatuere kaam as fraksjemeiwurker waard hy frege en hy hat 'Ja' sein.
 

We ha him kennen leard as in tige wurdearre kracht. Hy miste eins noait op de fergaderingen. Menno wie in wurker op de eftergrûn. Mingde him net yn de diskusjes, mar as hy frege waard: 'Wat fynst do dêrfan?', koest oan syn antwurd merke dat hy der goed oer neitocht hie. Net roppe en raze, mar foar en tsjin goed op in rychje sette kinne en 'weloverwogen' syn miening jaan kinne. Dat wie Menno.
 

We ha dr fersteld fan stien hoe rap as hy him de Fryske taal, as skriuwer, eigen makke hat. It gie him maklik ôf. Syn ferslagen en beslutelisten fan de fergaderingen wiene fan heech nivo. Alles stie der yn sa as sein, sa as besletten wie. Yn fierwei de measte gefallen waarden se dan ek sûnder opmerkingen goed kard. Hast altyd hiene we se binnen in oere nei de fergadering yn de mail. Faak gong hy mei de bus werom nei Ljouwert. Sa koe hy moai de lêtste puntsjes noch even op de i sette en fanút de bus de mail ferstjoere. Rapper koe echt net.
 

Yn it begjin wenne hy noch net yn Ljouwert en ried hy faak mei my (Jan Volbeda) nei De Jouwer ta, as werom nei hûs ta. Ûnderweis wiene der soms aardige petearen, mar it achterste fan de tonge hearden jo net.
 

Doe kaam ôfrûne wykein de mokerslach dy't ús rekke mei it berjocht fan broer Jan. "Menno is der net mear". We wiene allegeare, sûnder útsûndering, ferslein. Guon reagearden ferbjustere, oaren oandien. Út kleare ûnmacht foel der in flok. We koene der net by. Ôfrûne moandeitejûn, 9 maart, ha we as fraksje en bestjoer byelkoar sitten. Alles trochpraten, herinneringen ophelle, ensfh. We fûnen dat we ek op dit plak ús blyk fan meilibjen hearre litte moatte.
 

Famylje, freonen, bêste minsken: kondolearre nammens FNP De Fryske Marren. Foar de kommende tiid in soad sterkte en krêft tawinske, want we ha in KANJER ferlen.
 

Fraksje, bestjoer en leden
FNP De Fryske Marren



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer