NIJS 03-05-2020
Soargen oer druk op mantelsoargers yn koroanatiid
De FNP De Fryske Marren makket har soargen oer de druk dy’t de mantelsoargers ha yn dizze koroanatiid. Dêrom hat de FNP de folgjende fragen steld oan it kolleezje fan b&w yn De Fryske Marren.
"alles op slot, de druk op mantelsoargers is grut" (Gerda de Vries, FNP De Fryske Marren)
Yn dizze swiere tiid fanwegen it koroanafirus, ha ynwenners fan gemeente De Fryske Marren it dreech. Yn de oardelmeter-mienskip kinne in soad saken net mear. We witte allegear hoe dreech it is foar de middenstân en de horeka, mar ek skoallen, deiopfang, fersoargings- en ferpleeghúzen binne ticht.
De FNP fraksje makket har foaral ek soargen oer it lêste. Troch dat alles op it stuit op slot sit, is de druk op de mantelsoargers grut. Bern, minsken mei in beheining of demintens; hja moatte allegear thús bliuwe omdat de deiopfang ticht is. Dit jout in hiele druk op de mantelsoargers dy’t der thús mei rêde moatte.
Wy freegje ús ôf:
- Binne dizze sitewaasjes by de gemeente yn byld?
- Yn hoefiere hat de gemeente (as útfierder WMO) ynfloed op de ferskate deiopfangmooglikheden wêr ‘t de gemeente in kontrakt mei hat?
- Is der geregeld kontakt tusken gemeente en deiopfang yn dizze tiid?
- Kin der maatwurk levere wurde ûnder dizze omstannichheden?
- Kinne mantelsoargers, dy’t it troch dizze sitewaasje mentaal of fisyk net mear opbringe kinne, terjochte by it WMO-loket foar stipe?
Út namme fan de FNP fraksje,
Gerda de Vries
Tags:
Soarch yn Fryslan
MEAR OER DIT ÛNDERWERP