NIJS   05-05-2020


Jan Volbeda sprekt by sobere Deadebetinking Harich

Juster om goed ketier foar achten jûns kamen ynwenners fan Harich út harren wenstee om mei te betinken. By de tsjerke stie Jan Volbeda klear om de 4 maaie-taspraak te hâlden.

"Bysûnder karakter Deadebetinking dit jier" (Jan Volbeda by 4 maaie-taspraak Harich)

Tekst en foto's: Douwe Bijlsma / Ying Media

 

'HARICH - In oranje sinneljocht foel troch de strjitten fan Harich, wylst de tariedingen foar de jierlikse Deadebetinking waarden dien. De koroanakrisis makke it ta in bysûndere en sobere plechtichheid. In betinking dy't de hiele wrâld oer gong.

 

Om goed kertier foar achten kamen inwenners fan Harich út harren wenstee om mei te betinken. By de tsjerke stie Jan Volbeda klear om de 4 maaie-taspraak te hâlden. Hy hiet elkenien yn de strjitten wolkom en die dat ek yn it Ingelsk. De betinking wie nammentlik live útstjoerd op Youtube  en gie dêrmei de hiele wrâld oer.

 

Joop Schweitzer

Yn syn taspraak memorearde Volbeda oan it bysûndere karakter fan dit jier. Ek referearre 'er Joop (Johannes) Schweitzer, dy't yn de oarloch ûnderdûke moast yn ferbân mei de ferplichte tewurkstelling troch de Dútsers. Hy fûn yn de pastory fan Ealahuzen syn ûntwyk, oant er yn'e jûn fan 4 augustus yn panyk op de gau sloech foar Dútsers. Yn dy flecht waard Schweitzer deasketten. Foar him is in oarlochsmonumint op it hôf fan Harich oprjochte.

 

Taptoe

Om twa minuten foar acht oere waard de Taptoe blaasd troch trompettist Ale Marten en Willem Terluin, wêrnei't de twa menuten stilte folge. Dêrnei spile Ale Marten tegearre mei syn suske Anne-Marije it Wilhelmus, dat troch omstanners mei waard songen. As lêste lei Jan Volbeda in krânse by it grêf fan Joop Schweitzer.'

 

Jan Volbeda Harich foto Douwe Bijlsma

 

Hjoed, 5 maaie 2020, fiere wy 75 jier frijheid thús. Ûnder oare Omrop Fryslân stiet dêr stil by.

 

Ferslach yn de media:
Groot De Fryske Marren
Omrop Fryslân
Balkster Courant



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer