Ein 2018 krigen wy it berjocht dat der in streep setten wurden is troch de plannen foar it appartemintenkompleks oan de Stevenshoek yn Langwar. Hiel spitich, want dat hie in moaie oplossing west foar it fertuteaze plak yn it sintrum fan Langwar. De FNP hie graach sjoen dat dizze rotte kies in opwurdearring krije soe. Ek it doarp stie der efter. De apparteminten mei dêrûnder in brassery soene foar it wettersportdoarp op boppeslach wêze. Mar neidat yn 2018 de meidieling kaam dat der in streep troch de plannen setten is, hat de gemeenteried neat mear fernommen.
We binne yntusken in pear jier fierder en de FNP-fraksje wol graach witte hoe it der no foar stiet. De fraksje hat dêrom de folgjende fragen steld by it fragehealoerke fan de riedsgearkomste fan jûn (dy't tydlik skriftlik ôfdien wurde fanwege de koroana-maatregels):
Wy ferwachtsje op koarte termyn in antwurd en in taljochting te krijgen fan it kolleezje op boppesteande fragen.
Ut namme fan de FNP-fraksje,
Gerda de Vries