NIJS   15-06-2020


Antwurden op FNP-fragen Stevenshoek Langwar

Koartlyn ha wy as FNP-fraksje fragen steld oan it kolleezje oer de Stevenshoek yn Langwar. Hjirûnder de antwurden dy't wy ûntfongen hawwe.

"Stevenshoek yn nije hannen, plannen ûnderweis" (Kolleezje fan b&w DFM)

"Achte frou De Vries,

 

Op 26 maaie 2020 ha wy fia de griffie de folgjende fragen ûntfangen:

 

Ein 2018 krigen wy it berjocht dat der in streep gie troch it appartemintenkompleks oan de Stevenshoek yn Langwar. Hiel spitich want dat wie in moaie oplossing foar it fertuteaze plak yn it sintrum fan Langwar.
Nei de meidieling dat der in streep troch de plannen gie, hat de Ried neat mear fernommen. No binne we yntusken in pear jier fierder en wol de FNP fraksje graach witte hoe it der no foar stiet.

 

Fragen:
1 Kin it kolleezje ús op de hichte bringe hoe ‘t de stân fan saken op dit stuit is?
2 Der soe sprake wêze fan smoarge grûn (asbest) op dit plak. Is it kolleezje hjir fan de hichte en as it sa is wat wurdt der oan dien?

 

Hjirûnder treffe jo ús reaksje op jo fragen oan.

 

1. De projektûntwikkeler en grûneigner dy de bestimmingsplanproseduere oan de Raad van State trochrûn hat, hie plannen foar de bou fan in appartemintenkompleks. It bestimmingsplan en de omjouwingsfergunning hjirfoar stean fêst, mar troch it tiidsbestek fan de prosedueres kryg dizze ûntwikkeler – mei as gefolch fan stigende boukosten – de eksploitaasje net meer rûn. Dêrnei is de lokaasje te keap oanbean en begjin fan dit jier kocht troch in lokale projektûntwikkeler. Dizze ûntwikkeler makket in nij ûntwerp, hokker ûntwerp past binnen it hjoeddeistige bestimmingsplan. Hjir is wol in nije omjouwingsfergunning foar fereaske. Dy fergunning moat noch oanfrege wurde. Wy ferwachtsje dat it nije ûntwerp mids dit jier klear is.

 

2. Op de bewuste lokaasje wie yndie sprake fan ferûntreinige grûn, mei in saneringsferplichting. De nije grûneigner hat by oankeap fan de lokaasje as betingst steld dat de ferkeaper de lokaasje skjin opleverje moat. De ferkeaper hat it terrein ûnderwilens sanearje litten en de kommende wiken sil de âlde tsiiskelder (ynklusyf fundering) fuorthelle wurde.

 

Wy gean derfan út jo hjirmei foldwaande ynformearre te hawwen.

 

Mei freonlike groetnis,
it kolleezje fan boargemaster en wethâlders"



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer