Hjir folget de strekking fan ús ynbring: "Alle gemeenten yn Nederlân krije fan it Ryk jild út it gemeentefûns. Yn in artikel op de webside fan Binnenlands Bestuur is koartlyn it foarnimmen fan it Ryk nei bûten brocht om it gemeentefûns op ‘e nij te ferdielen. Yn dat artikel sprekt Ellen van Selm, de foarsitter fan it gearwurkingsferbân fan plattelânsgemeenten en boargemaster fan de Fryske plattelânsgemeente Opsterlân, har soargen út en seit dat it in dramatyske útgongsposysje is foar gemeenten mei minder as 100.000 ynwenners. Foar jim byld: yn Fryslân hat allinne Ljouwert mear as 100.000 ynwenners.
De Fryske Nasjonale Partij hat mei fernuvering kennis naam fan dit foarnimmen fan it Ryk, wat dus ferskriklik neidielich wêze sil foar benammen plattelânsgemeenten. Der is berekkene dat grutte gemeenten aanst rom € 100 euro mear de ynwenner krije, mar lytse gemeenten krije aanst € 60 euro de ynwenner minder! En dat, wylst de measte plattelânsgemeenten al mei tekoarten sitte op bygelyks it sosjaal domein. Us FNP Steatelid Sybren Posthumus hat berekenne dat it foar ús gemeente De Fryske Marren jierliks sawat € 467.000 euro netto minder wêze sil wat wy dan ûntfange út it gemeentefûns. Dit foarnimmen is ûnakseptabel en dus hat de FNP in moasje opsteld om yn alle Fryske gemeenten en dêr bûten yn te tsjinjen om sa op koarte termyn aksje te kinne ûndernimmen.
Us fraksje hat dizze moasje yn ús gemeente foarlein en yn de oerwagingen meardere saken opnaam dy’t neidielich foar plattelansgemeenten binne. Alle fraksjes (VVD, ChristenUnie, NCPN, GrienLinks, D66, PVDA, De Burgerpartij en CDA) stypje de FNP. Yn de moasje roppe wy ús kolleezje fan b&w op om op koarte termyn aksje te ûndernimmen. It diktum fan de moasje is as folget:
De ried fan De Fryske Marren ropt it kolleezje op:
- alle prikken yn it wurk te stellen om de werferdieling fan it gemeentefûns net ta skea fan plattelânsgemeenten gean te litten;
- sa gau as mooglik útein te setten mei in lobby om de bydrage fan it Ryk foar plattelânsgemeenten te fergrutsjen, yn stee fan te ferminderjen, om de leefberens in ympuls te jaan;
- de gemeenteried periodyk, dochs op syn minst elts fearnsjier, te ynformearjen oer de resultaten fan de lobby en de stân fan saken oangeande (gefolgen fan) de werferdieling fan it gemeentefûns;
en giet oer ta de oarder fan 'e dei."
De portefúljehâlder joech yn de beantwurding oan dat it yn earste ynstânsje de bedoeling fan it Ryk wie om by de werferdieling fan it gemeentefûns alles mear nei mekoar ta te bringen. No blykt júst it tsjinoerstelde; in werferdieling dy't noch folle slimmer is foar de plattelânsgemeenten, en wêr it jild fan it easten nei it westen en fan de lytse nei de grutte gemeenten rint. Us kolleezje wol dit tsjingean en fielt har dan ek bot stipe mei dizze moasje. Boargemaster Fred Veenstra joech fanút syn oare funksje yn de VFG oan dat der al in soad kontakten rinne mei ferskate organisaasjes en partijen, de soarch dield wurdt en der wurke wurdt oan in brief fan safolle mooglik gemeenten rjochting it Ryk.
Hjirûnder binne de Fryske en de Nederlânske ferzje fan de moasje del te heljen foar gebrûk yn oare gemeenten.