NIJS   05-07-2020


Kolleezje, wachtsje efkes!

Yn de riedsgearkomste fan 01-07-2020 stie in tige wichtich ûnderwerp op de wurklist: de krisisnota. Dizze krisisnota is ûntstean om’t de Ried graach ynsjoch hawwe wol op de finansjele gefolgen fan de Koroana-krisis.

"Ambysjes yn krisistiid? Nee, no mar net!" (Jan Volbeda)

Ta ús ferbjustering kaam dit Kolleezje yn dizze nota net allinne mei in skea-oersjoch en in begrutting dêrfan. Ta ús ferbjustering hat it Kolleezje ek guon winsken en ambysjes der yn ferwurke! Ambysjes yn krisistiid? Nee, no mar net en dêrom trapet de FNP op de rem. Fia in amendemint hawwe wy oproppen om allinne de wetlike en needsaaklike taken út te fieren – dêrby dus it nije belied (en winsken fan it Kolleezje) troch te skowen nei de ôfwaging by de Kadernota, ein dit jier.

 

Krisisnota en Kadernota

De krisisnota is it dokumint wêr yn omskreaun is wat op dit stuit de ynkomsten en útjeften binne oangeande de Koroana-krisis en wat de wetlike en needsaaklike punten binne wêr’t op koarte termyn op bystjoerd wurde moatte soe. Der wurdt in wiidweidige taljochting troch it Kolleezje op jûn. It opmerklike is: der is yn begjin fan dit jier ôfpraat dat de gemeenteried sels gjin winsken ynbringe kin, wylens it Kolleezje dat no wol docht. Dat moat eins by de Kadernota.

De kadernota is hiel wat oars, hoewol it ek oer jild giet. De Kadernota giet oer alle sinten fan it folgjende kalinderjier. Dêryn kin de gemeenteried en it Kolleezje wól winsken sette litte; mear jild nei sport as kultuer? As dochs fokusje op grien foarsjenning? Yn in normale sitewaasje wurdt de Kadernota yn juny bepraat en de útfiering dêrfan it jier dêrop plakfynt. Fanwegen de Koroana-krisis is no de ôfspraak makke om dat oan de ein dit jier te dwaan. Dán is it momint om de yntegrale ôfwaging te meitsjen.

 

Begrutting

Yn dizze krisisnota is in oersjoch opnaam fan de kosten dy’t de Koroana-krisis mei him meibringt. Goed! Sa hat eltsenien goed sicht op de ynkomsten (bygelyks Ryksjilden) en útjeften.

 

Nij belied en winsken

Dizze krisis is oermacht en dat moatte wy mei ús allegear oplosse. Dochs stean der net allinne wetlike, needsaaklike kostenposten yn dizze krisisnota. Der stean ek saken yn dy’t eins in winsk as nij belied fan it Kolleezje sels is. Wat hat bygelyks in feangreide-adviseur te krijen mei de Koroana-krisis?

 

Amendemint

Dêrom hat de FNP in amendemint yntsjinne. Dêryn remme de FNP it Kolleezje; efkes wachtsje mei nij belied en saken dy’t it Kolleezje winsklik fynt mar fier allinne de wetlike taken út. De FNP wol perfoarst net op foarhân saken skrasse as ôffiere. Mar oer nij belied as ambysjes moat by de Kadernota in ôfwaging makke wurde, want dat heart sa!

Spitigernôch hat it amendemint net in mearderheid krigen. Wy sille ein dit jier sjen hokker gefolgen dit hat foar de Kadernota.



Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer