NIJS   18-07-2020


Soargen oer de maatskiplike ûnrêst bolletylt

Al sûnt jierren, al yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, makket de FNP har soargen oer it brûken fan bestridingsmiddels yn de lânbou en foaral de bolletylt. Mei regelmaat lôget de maatskiplike ûnrêst wer op dy’t it spuitsjen mei bestridingsmiddels opropt yn foaral Gaasterlân.

"urginsje bestridingsmiddels oankaarte by Ryk en EU" (Moasje ried DFM)

Brief omwenners Wikel
Ein maaie fan dit jier krigen wy in brief fan bewenners út Wikel. Dêryn uterje se har soargen oan de ried oer it brûken fan bestridingsmiddels en wat it docht mei harren sûnens. Mar se skreaune ek dat se iepen stean foar in petear. De FNP fraksje hat doe in ôfspraak mei har makke.

 

Gearkomste yn Wikel
Uteinlik is der in gearkomste west mei riedsleden, boeren, omwenners en Gaasterlân Natuerlân. It wie in goede jûn wêr yn elk syn of har ferhaal kwyt koe. Omwenners meitsje har soargen om wat it regelmjittich spuitsjen betsjut foar har sûnens en de biodiversiteit, mar fiele har (faak) net heard. De boer brûkt tastiene middels en fynt dat er yn in hoeke dreaun wurdt. En sa komme de partijen tsjin oer inoar te stean.

 

Moasje bestridingsmiddelsproblematyk
Alle partijen yn de ried fan De Fryske Marren hawwe dernei de koppen byinoar stutsen en besletten om in moasje yn te tsjinjen. Yn de moasje wurdt it kolleezje oproppen om de urginsje fan dizze problematyk oan te kaarten by Ryk en Europa. Dêr gean se oer de tapassing fan bestridingsmiddels, de rol fan de gemeente is mar beheind. In gemeente giet allinnich oer it romtlike part hjir fan, net oer it tastean fan de middels sels. De Fryske Marren wolle no yn it bestimmingsplan in spuitfrije sône ynstelle fan 50 meter. It probleem wat no spilet wurdt der net mei oplost, want dy spuitfrije sône jildt allinne yn nije situaasjes.
Undersikers fan RIVM en sûnensried sizze dat der reden ta soarch liket. Mar oplossingen wurde net oandroegen. En op dizze wize komme je net in stap fierder.

 

Hast alle riedsleden stimden foar de moasje. De wethâlder joech oan wol út de fuotten te kinnen mei de moasje.

 

 

Foto trekker: RIVM website / H. Schreuder



Tags: Buorkje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer