NIJS   19-07-2020


Ek de skoalle yn Terkaple slút

Nei 112 jier ûnderwiis ferdwynt per 1 augustus oansteande de skoalle út Terkaple. Hoewol de skoalle formeel net slút (mar trochgiet op de lokaasje yn Terherne), fielt de FNP mei it doarp mei. Lykas op guon oare doarpen yn ús gemeente komt mei it ferdwinen fan de skoalle de leefberens mei ûnder de druk te stean; skande.

"Jou Terkaple tiid foar nije bestimming skoalle" (FNP de Fryske Marren oan b&w)

Ien fan de sosjale foarsjenningen dy’t noch oerbliuwt yn Terkaple is it Multi Funksjonele Sintrum (MFS). It MFS is sûnt de bou neist de skoalle ticht by de skoalle belutsen, sa krigen de skoalbern der bewegingsûnderwiis en waard der gebrûk makke fan de mienskiplike foarsjenningen op it plein en yn it MFS.

 

Mei it sluten fan de skoalle Terkaple ferdwynt in grut part fan de ynkomsten foar it MFS. Der waard noch sprutsen oer in oerienkomst dy’t by oprjochting opsteld is tusken MFS en gemeente. Dêryn soe opnaam wêze dat, mocht de skoalle ferdwine, de gemeente garant stean soe foar it missen fan ynkomsten. Skriftlike fragen fan de FNP nei dizze oerienkomst hat neat opsmiten. Der is yndied in oerienkomst mar hjiryn stiet neat oer in garânsje.

 

No’t ék it fuortbestean fan it MFS ûnder druk komt te stean, is yn ús optyk de gemeente wól oan set. Oars as by it ûnderwiis hat de gemeente wol foech. Dêrom sil de FNP nei de simmer der by it Kolleezje op oantrune om it leechsteande skoallegebou earst noch net yn ferkeap te dwaan.
De FNP soe it doarp de kâns jaan wolle om yn in jier tiid in oare bestimming foar it gebou te finen. De nije bestimming soe ek (foar in part) foarsjen kinne yn de miste ynkomsten fan it MFS - om sa ien fan de lêste sosjale foarsjenningen yn stân hâlde te kinnen.



Tags: Jongerein, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer