NIJS   28-12-2012


Auke Bijlsma fan Terherne op 'e nij Steatelid foar FNP

Auke Bijlsma fan Terherne wurdt mei yngong fan 23 jannewaris Steatelid foar de FNP. Hy folget Anna Martha van der Mei op dy't de Steaten om persoanlike redenen ferlit.

Auke 2011 lytsAuke Bijlsma (60) nimt in soad politike en bestjoerlike ûnderfining mei. Sa wie hy earder wethâlder fan de gemeente Boarnsterhim en riedslid. Sûnt 2003 is hy earste opfolger / kommisjelid Boarger en Mienskip foar de FNP Steatefraksje. Tusken 2006 en 2011 wie hy ek al in pear kear in skoft Steatelid. Hy sil de ûnderwerpen Ferkear & Ferfier, Miljeu, Lanlik Gebiet en Lânbou & Natuer (Kommisje Lân Loft en Wetter) behertigje.

 

Nei 1 jannewaris 2014 sil it doarp Terherne by de nije fúzjegemeente (no de Fryske Marren y.o., of ôfkoart ek wol DFM neamd) hearre. Bijlsma sil dan it fiifde Steatenlid wêze dy't ynwenner is fan DFM.

 

As earste opfolger en ferfanger fan Bijlsma skoot Liskje Flapper (55) fan Burchwert oan by de FNP. Hja sil de fraksje fersterkje as kommisjelid Lân Loft en Wetter. Flapper is dosint oan de NHL. Se wie earder riedslid en kommisjelid foar de FNP yn Wûnseradiel en aktyf yn bestjoerlike rûnten fan de partij en de mienskip yn Súdwest-Fryslân.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer