NIJS   27-08-2020


Fragen FNP oer brief Fryske gemeenten oangeande sinneparken

Skriftlike fragen nei oanlieding fan it parseberjocht en it brief oer it net iens wêzen fan de Fryske gemeenten mei it Provinsjale belied oangeande sinneparken op lânbougrûn.

"giet brief foarby oan ynspraakronde?" (Chris van Hes)

Yn it parseberjocht fan 25 augustus l.l. (https://www.omropfryslan.nl/nijs/987049-alle-fryske-gemeenten-lilk-op-provinsje-dit-onverstandig-en-onplezierig) kinne wy lêze dat alle Fryske gemeenten it net iens binne mei it beslút om foarearst gjin sinneparken mear ta te stean. Der wurdt in ferwyt rjochting Provinsje makke dat it net de ‘schoonheidsprijs' fertsjinnet en der net kommunisearre is. Dit ropt by ús de folgende fragen op:

1.       Hat it Kolleezje ek kundskip naam fan it parseberjocht?

2.       Kinne alle Riedsleden per ommegeande in ôfskrift krije fan dizze brief?

3.       Der wurdt yn it parseberjocht skreaun dat alle 18 Fryske gemeenten it brief ûndertekene ha. Kin it Kolleezje in taljochting jaan wêrom't hja út namme fan De Fryske Marren dizze brief ek ûndertekene ha?

4.       Yn de riedsgearkomste fan 24 juny is der troch de FNP in oardefoarstel dien om earst de konkrete ynfolling fan it tariedingsbeslút ôf te wachtsjen. It andert fan wethâlder Veltman kaam der op del dat wizigingen yn it tariedingsbeslút net fan ynfloed wêze soe op it beliedsramt Sinnefjilden De Fryske Marren.
Fynt it Kolleezje fan B&W ek dat it ûndertekenjen fan it brief heaks stiet op boppensteand argumint om it stik wol te behanneljen?

5.       Yn dyselde gearkomste seit wethâlder Veltman: it [tariedingsbeslút] giet oer lânbougrûn. Yn it stik dat wy hawwe, prate wy absoluut net oer de foarkar foar lânbougrûn.
Fynt it Kolleezje fan B&W dan ek dat hjirmei it ûndertekenjen fan it brief rjochting de Provinsje ûnnedich en foarbarich west hat?

6.       Fynt it Kolleezje fan B&W ek dat hja mei it ûndertekenjen fan it brief oan de ynspraakronde fan it eigen Beliedsramt Sinnefjilden foarbygean? It Kolleezje nimt ommers al in stelling yn mei dizze brief wilens de ynspraakronde noch net ôfrûn is.

7.       Op 3 juny hat de FNP skriftlike fragen ynstjoerd oer itselde ûnderwerp. Dêr is op 8 juny in andert kaam. Jo skriuwe yn jo andert: It tariedingsbeslút hat op himsels gjin direkte gefolgen foar ús takomstich beliedsramt foar sinnefjilden. (...) Yn ús takomstich beliedsramt is ek de line dat wy net geane foar sinnefjilden op geskikte lânbougrûn.

It Kolleezje brûkt earst it argumint dat de konkrete ynfolling gjin gefolgen hat foar ús beliedsramt mar ûndertekenet wol it brief oan de Provinsje wêryn skreaun wurdt dat de gemeenten beheind wurde yn harren ûntwikkelingen. Kin it Kolleezje in taljochting jaan?

Wy fernimme graach fan jo.
Ut namme fan de fraksje fan de FNP,


Chris van Hes



Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer