It is de safolste oanslach op de iepen romte. Boppedat wurdt troch dizze ûntwikkeling weardefol en kânsryk greidefûgellân, wat tsjin it nije plan oan leit, bedrige. Ek de hjoeddeistige camping mei caravans, tinten en campers sil ferdwine fanwegen de nij te bouwen fakânsjewenningen. Foar minsken mei faaks in wat minder dikke beurs is aanst gjin plak mear by Balk, oan de mar.
De ûntwikkelder is ferplichte om it lân dat ferlern giet foar greidefûgels te kompensearjen troch it stoarten fan in ôfkeapsom yn it provinsjale greidefûgelfûns. Mar, seit fraksjefoarsitter Jan Volbeda (Aldegea), dêrmei ha de fûgels dy’t no yn dit gebiet sitte noch net in nij gaadlik plak.
Foar de FNP is it dúdlik. Us program is liedend foar ús. Dan witte de minsken yn Balk en dêr bûten wêr’t se oan ta binne, ek bûten de ferkiezingstiid om, sa seit ek fraksjelid Jeltsje Piersma (Nijemardum).
Ofbylding: riedsstikken gem. De Fryske Marren - ûntwerp bestimmingsplan