NIJS   03-11-2020


In sigaar út eigen doaze

Covid19, Corona, wy hawwe der allegearre mei te krijen, yn de persoanlike sfear, op it wurk en yn ‘e hûs. Dy ellinde diskriminearret net, elkenien hat der al lêst fan, of kriget der noch mei te meitsjen.

"Wy gean foar deeglik belied, gjin OZB 'fopsigaren'" (Remboud van Iddekinge)

It treft de gemeente ek hurd, Corona kostet miljoenen ekstra. As riedslid bin je ferantwurdlik foar de finânsjes fan de gemeente, dus dat is de kommende jierren in flinke útdaging.

 

De FNP hat de reputaasje fan deeglik en konsekwint finansjeel belied. Gjin jildfergriemerij, gewoan nochter en sunich. Us fraksje en wethâlders hawwe dat ek altyd sjen litten. Troch dat deeglike finansjele FNP-belied fan ûnder oaren ús âld-wethâlders Van der Pal en Durksz, kin de no sittende koälysje de hannen yn djippe bûsen stekke. Dat wie ek nedich, want it Ryk past minder by, dus sport, kultuer, sosjale regelingen, alles is de lêste jierren ûnder druk kommen te stean. De boaiem is berikt. Mar mei de earder ûnder FNP-bestjoer opboude finansjele reserves liket it der op dat de gemeente krekt alles yn 'e loft hâlde kin. Mei passen en mjitten wurdt der in negative, mar slutende begrutting presintearre.

 

Ynkoarten komt it kolleezje mei in Perspektyfnota, wêryn’t de ried frege wurdt om jild beskikber te stellen foar nij belied. Nij belied fan CDA, PVDA, VVD en GrienLinks om op strjitte goeie sier meitsje te kinnen, ommers de ferkiezingen fan 2022 komme ek al wer yn sicht. Om mei wat ynstruierkes stimmen te winnen. Mar dat jild is der net. En dus: in ekstra ferheging fan de OZB belesting. In prachtige sigaar út eigen doaze.

 

Dat is net it belied sa’t wy as FNP dat foarsteane. De basis, de sportklups, kultuer, frijwilligers, ferieningen, dat is foar ús safolle belangriker. Dêr giet it om, dat moat oerein hâlden wurde yn dizze krisis. Dat is no just de ferantwurdlikheid fan in gemeente. De kommende 2 jier wurdt it dus hiel spannend op it finansjele flak. Wurdt de belesting foars ferhege foar nije koälysje-belied? Of wurdt der echt keazen foar it algemien belang? Foar dat lêste kinne ús ynwenners op de FNP rekkenje. Wy as FNP hâlde fan deeglik belied, en net fan OZB ‘fopsigaren’, om’t wy ferantwurdlikheid nimme foar de finansjele húshâlding fan ús moaie gemeente.

 

Remboud van Iddekinge



Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer