NIJS   21-11-2020


FNP stimt tsjin 30 meter hege reklamemêst by McDonalds

Yn de riedsgearkomste fan woansdei 18 novimber l.l. hat in Kolleezjeútstel oangeande in tritich meter hege mêst by McDonalds net in riedsmearderheid krigen. De FNP wie fan it earste momint ôf tsjin op dit plan. In mêst fan sa’n hichte docht slim ôfbrek oan it lânskip en jout in soad oerlêst yn de foarm fan ljochtfersmoarging. Ek de ferkearsfeiligens wurdt beynfloede troch reklame lâns de sneldyk, it easket nammentlik de oandacht op.

"30m té heech, té folle ljocht en té grutte ympakt" (Chris van Hes)

Dêrnjonken fynt de FNP it spitich dat der gjin oerlis west hat mei de omjouwing en alternative opsjes net goed útdjippe binne. As slútstik die ek noch bliken dat it Kolleezje op grûn fan ferkearde artikels in ûntheffing by de Provinsje oanfrege hat; tige ûnsoarchfâldich.

 

It giet om in romtlike ôfweaging

Sûnt it Knooppunt De Jouwer klear is, is de mêst fan fastfoodketen McDonalds minder sichtber. Franchisenimmer Zuiderveld joech oan dat "9 op de 10 bezoekers het restaurant uit impuls bezoeken". No't de mêst fan de dyk ôf minder sichtber is, hat hy te krijen mei omsetskea.

Dat wie ek al sa'n bytsje foarsjoen by de planfoarming fan it Knooppunt. Doe soene ôfspraken makke wêze tusken provinsje, gemeente en McDonalds dat in nije, hegere mêst tastien wurde soe. Dy ôfspraken, mooglik ek oer planskea, wiene blyker net by eltsenien yn it gemeentehûs bekend. Want yn septimber helle wethâlder de Jong (PvdA) it agindapunt op it lêste momint fan de wurklist ôf mei't hij dêroer nije ynformaasje krige.

Foar de FNP is der yn de tuskenlizzende 2 moanne neat feroare. De taak fan de gemeenteried is om in romtlike ôfwaging te meitsjen en dat hie en hat de fraksje dien. Eventuele skea kin de ûndernimmer ferhelje bij de oerheid, dat is yn dit gefal de Alliansje fan oerheden belutsen bij de oanlis fan it knooppunt. Uteraard hat de FNP wol each foar de problemen foar de ûndernimmer. "Wij freegje ús ôf wêrom't der net oare opsjes ûndersocht binne. Bij De Lemmer stiet de mêst ek bij de dyk, en net neist it bedriuw", neffens fraksjelid Chris van Hes.

 

Ek noch grutte prosedurele flaters

Geande de gearkomste waard ek noch dúdlik dat der prosedureel grutte flaters makke binne. Op basis fan ferkearde artikels en feroarderingen is troch it Kolleezje dochs in oanfraach ta ûntheffing by de provinsje yntsjinne. Der is provinsjaal ynstimd mei dy oanfraach wylst dat konfoarm provinsjaal belied gewoanwei net mooglik is! Tige sleau en ûnsoarchfâldich. Dat punt allinnich al wie foar guon oare riedspartijen genôch reden om tsjin te stimmen.

 

Foar it fideoferslach fan de ynbring fan Chris van Hes, klik hjir.
It ûnderwerp begjint op 4:45: klik hjir foar de start.

 

 

(de taheakke ôfbylding fan de mêst is ôfkomstich út de riedsstikken)



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer