Guon bewenners hawwe it iepenbiere paad yn de rin fan de tiid bij har tunen lutsen, sadat it net mear begeanber is. De bewenners hawwe de gemeente frege om it paad ek offisjeel oan de iepenbierheid te ûntlûken fanwegen har privacy en feiligens. De Rie fan Steate hie hjir al oer te set west en konkludearre dat de iepenbierens fan it paad allinnich mei swierweagjende arguminten feroare wurde koe. De gemeenteried hat yn mearderheid besletten dat it paad iepenbier bliuwt.
Mear kanten
Ek oan dizze saak sitte fansels mear kanten, aldus Gerda de Vries. Oan de iene kant ha guon bewenners it paad ûnterjochte bij har tún lutsen. Oan de oare kant hat de gemeente dat fierstente lang sloere litten.
Mar de klachten fan de bewenners oer privacy binne oplost as ien en oar wer yn de âlde steat brocht wurdt. Dan sitte der nammentlik wer struken en in sleat tusken de tunen en it paad. Fierders hat ús gemeente lokkich in leech ynbraakrisiko. Sadwaande koe de fraksje kieze foar it Kultuerhistoaryske en mienskiplike belang.
Kultuerhistoaryske wearde fan it paad
1. De Omkromte is in diel fan in tige âlde lândyk dy’t De Jouwer ferbûn mei Langwar en Gaasterlân:
2. De famylje Vegelin fan Claerbergen lei 300 jier lyn in oaniensletten systeem fan binnendiken oan om De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne bij stoarm tsjin it sâlte wetter fan de Sudersee te beskermjen. As it lân oerstreamd waard mei brak wetter wiene de opbringsten ommers jierren lang hiel min. De Omkromte, de Hege- en Lege Simmerdyk, de Haulstersingel en de Wildehornstersingel wiene destiids ek opnommen yn dy saneamde Vegelin-struktuer.
Op dit stuit wurdt der op provinsjaal nivo hurd wurke oan de totale ynventarisaasje fan âlde diken yn Fryslân. Dat om't kennis oer de eardere wettersteatswurken ûnfoldwaande bekend is. Yn dizze ynventarisaasje komt de singel Omkromte ek prominint foar.