NIJS   23-12-2020


Sânwinning terjochte keard, FNP út de skroeven

FNP De Fryske Marren is út de skroeven mei de útspraak fan de Raad van State; der giet in streek troch de sânwinning yn de Iselmar!

"grut goed dat Iselmar no net skeind wurdt!" (FNP De Fryske Marren)

De FNP wie yn febrewaris 2019  fan betinken dat de ûnwissens oer de gefolgen fan it sânwinnen sá grut wie dat it ferkeard wêze soe dit plan fierder troch te setten. Us beswieren doetiids wiene bygelyks de ûnwisse gefolgen en skea op de natoer, de mooglike lûds- en ljochtshinder en de mooglike fersilting. Dat it heechste rjochtskolleezje fan Nederlân dyselde miening tadien is, fine wy in stik bûter yn de brij.

 

It is in grut goed dat de Iselmar no net skeind wurdt. Yn it foarste plak fansels foar de natoer en it lânskip. Dat dy tûzenen trekfûgels dy't ek no hast alle dagen yn grutte wolken op de Steile Bank oanstekke in goed hinnekommen hâlde. Mar ek it wide, fertroude sicht bliuwt behâlden foar bewenners en de besikers.

 

FNP-fraksje

De Fryske Marren



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer