NIJS   06-12-2020


Oan de Pôlle/Seedyk op 'e Lemmer komt gjin supermerk

Sûnt der gjin bedriuwsaktiviteiten mear binne is De Pôlle op ‘e Lemmer oan it ferpauperjen. De gemeente hat dêrom ûndersykje litten oft dêr neist wentebou in supermerk komme kin. B&W konkludearje op basis fan dat ûndersyk dat in kombinearre ûntwikkeling fan wenningbou mei in supermerk net winsklik is. De FNP hat yn de riedsgearkomste fan 2 desimber foar dat útstel stimd.

"De FNP wol in betrouber bestjoer wêze" (Jeltsje Piersma)

De fraksje fûn it in lestige ôfwaging. Mar de Sintrumfyzje fan de Lemmer is dúdlik, nammentlik in kompakt sintrum. Op grûn dêrfan ha eardere supermerken net tastimming krigen bûten it sintrum te bouwen. De FNP lûkt dêrom in selde line, gjin supermerk op de Pôlle, mar wol in oprop oan belutsenen: om gong te setten achter bouplannen foar wentebou.

 

Us arguminten foar en tsjin

Arguminten foar in supermerk op de Pôlle:

  • De yngong fan de Lemmer moat opkreaze wurde, it is bot fersutere, neffens fraksjelid Jeltsje Piersma.
  • It plan kin mei de LIdl mooglik mei koarten realisearre wurde.
  • In grutte supermerk op de Pôlle, in tagonklike lokaasje, soe nij publyk lûke kinne út de regio (NO-Polder).

 

Arguminten tsjin in supermerk op de Pôlle:

  • Lidl út it sintrum helje, dan kriget it winkelsintrum by de tramstrjite/statsjonstrjitte mooglik leechrin fan mear winkels en ûntstiet dêr omsetferlies.
  • Foar in fitaal winkelbestân is it nedich dat winkels byelkoar yn it sintrum bliuwe, it nije ûndersyksrapport befêstiget dat.
  • Boppedat is de Pôlle in tige oantreklike wenlokaasje oan it wetter, dizze ûntwikkeling moat dan ek op koarte termyn mooglik wurde.

 

Draachflak weaget swier bij de FNP

De miening fan de bewenners weaget foar de FNP swier. Yn dit gefal lei der in enkête fan besikers, dy't yn grutte mearderheid (76%)  foar de supermerk by de Pôlle binne. Lykwols, besikers binne gjin bewenners, dêr liket de stimming mear 50/50.  Sadwaande hat it útgongspunt fan betrouber bestjoer de trochslach jûn: der leit in sintrumfyzje dus dêr ha wy earder oan toetst en dêr moatte wy no dus ek oan toetse.

Polle

Polle

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer