Wethâlder Jos Boerland hie mits 2019 noch sein dat de gemeente ien oerienkomst hie mei de ûndernemmer. Oan dy oerienkomst sieten noch twa oanfoljende dokuminten fêst. Dat wie it.
It die no bliken dat hy doe wol deeglik wist fan noch in twadde oerienkomst. Dêryn waard fêstlein dat de ûndernimmer boppe op alle oare fergoedingen (mear as € 300.000,- per jier) nochris € 17.000 per jier barre soe foar it skjin hâlden fan it strân, mar dat yn 'e praktyk de gemeente dat wol dwaan soe. De wethâlder sei dat hy it net nedich fûn om dat mei de rie te dielen, omdat d'r nea in hantekining ûnder it kontrakt setten is. Hy wist fan it kontrakt, mar hâlde dat efter foar de rie.
Foar de FNP ûnbegryplik. It wie wol deeglik in offisjeel dokumint, ek al omdat op basis hjirfan 8 jier lang € 17.000,- oermakke is, mear as € 130.000,- totaal. "It bewust efterhâlden fan ynformaasje foar de rie is eins in politike deasûnde", aldus Jan Volbeda. Pas nei felle krityk fan de FNP en de NCPN-fraksje en nei twa skorsingen fan de gearkomste, kaam de wethâlder mei in ferklearring fan spyt. Dat hie oardel jier earder moatten, dan hiene we al dizze drokte net hân. In les foar it kolleezje. Yn syn tasizzing seit de wethâlder dat it nea wer barre sil. Ek ûnderskriuwt hy de moasje dêr't yn stiet dat it beskamsum is wat d'r bard is.