NIJS   08-01-2021


FNP DFM wiis mei nij beliedsramt Sinnefjilden

Woansdei 6 jannewaris 2020 hat de gemeenteried fan De Fryske Marren it nije beliedsramt Sinnefjilden fêststeld. Mei dit ramt wurde der dúdlikere kaders jûn oan it pleatsen fan sinnepanielen yn de gemeente. De FNP is ynnommen mei it nije ramt dêr’t draachflak, partisipaasje en bioferskaat dúdlik yn útwurke is.

"1e stap bliuwt: isolearje en sinnepanielen op dak" (Chris van Hes)

Hoewol't it ‘âlde' beliedsramt noch mar oardel jier âld is, joech dit sawol inisjatyfnimmers as de ried té min hânfetten om de ûntwikkeling fan sinnefjilden goed stâl te jaan. Dêrom hat de FNP al yn in ier stadium frege om in evaluaasje/oanpassing fan it beliedsramt. Dat is doetiids oppakt troch de wethâlder en hat resultearre yn it foarlizzende stik.

 

Nettsjinsteande it nije beliedsramt hat de FNP nochris foar it fuotljocht brocht dat it isolearjen fan gebouwen en it pleatsen fan sinnepanielen op dak yn ús optyk de aller-allerearste stap wêze moat. "Wy binne en bliuwe ôfgryslik hoeden om sinnepanielen by natuer te pleatsen, op (al dan net) koerante lânbougrûn en/as op wetter. De FNP sil, nettsjinsteande dit beliedsramt, dat soarte gefallen yndividueel beoardielje", aldus fraksjelid Chris van Hes. Spitigernôch hat in moasje fan de NCPN en FNP om yn prinsipe sinnefjilden net ta te stean op wetter, it nét helle.

 

1e stap bliuwt: isolearje en sinnepanielen op dak



Tags: Enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer