De FNP fraksje hat hjir wiidweidich oer praat en foar en tsjin tsjin it ljocht hâlden. Fan it begjin ôf hat de FNP dúdlik west, ek De Fryske Marren moat har ferantwurdlikheid nimme en ûnderdak biede oan dizze minsken. Yn 2015 gie it der eins ek net om as wij wol of net in AZC woene, mar mear om de lokaasje. Uteinlik is dêr de Wikelerdyk yn Balk út rôle, mei as ôfspraak: tydlik en maksimaal 5 jier . Sa is it fêstlein.
It docht bliken dat de tastream fan flechtlingen bot hin en wer giet. It iene jier binne de sporthallen nedich foar de earste opfang. In oar jier (oktober 2018) kin AZC Balk wol ticht, want der is temin ynstream. En noch gjin heal jier letter moast Balk wer iepen. Doe is nochris werhelle en fêstlein: iepen kin, mar de eindatum bliuwt oerein.
It COA neamt trije redenen werom Balk langer iepen bliuwe moatte soe. As earste dat de IND fierstentelang wurk hat mei it ôfhanneljen fan prosedueres en minsken dus lang yn in AZC bliuwe moatte. De twadde reden is dat der mear ferlet is fan opfangplak. As lêste wol it COA yn Fryslân permaninte AZC's bouwe en dêr is tiid foar nedich. Op himsels falide redenen, mar dit wist it COA 5 jier lyn ek wol.
Derom komme wij net op ús ôfspraken werom en bliuwt foar de FNP de ôfsprutsen datum stean.
ôfbylding: defryskemarren.nl