De moasje trunet B&W oan om de hoareka en detailhannel no't se fanwegen corona wer safolle ynkomsten misse moatte, mear romte te jaan as oars. Sawol letterlik, tink bijgelyks oan terrassen en kleanrekken, as figuerlik, de regels útrekke wer't dat kin. De moasje is oannommen, allinnich PvdA en Grien Links stimden tsjin. Tagelyk hat de Rie besletten om yn 2020 gjin precariobelesting op te lizzen (belesting op terrassen en útstallingen fan bedriuwen op trottoirs). Dat beslút wie in gefolch fan in moasje dêrta dy't VVD, D'66 en FNP yn 2020 yntsjinne hiene.
Rekreaasje en hoareka is in wichtige sektor foar ús gemeente en dy sektor krijt swiere klappen troch de maatregels. Mar fraksjelid Gerda de Vries frege nammers de FNP omtinken foar alle bedriuwen. Ek yn oare sektoaren stiet it wetter guon bedriuwen oan de lippen ta. No't detail sa lang ticht west hat, bin dêr bijgelyks mooglik ek grutte problemen. De fraksjes moatte de lapen bij elkoar smite sadat de gemeente alle bedriuwen sa goed mooglik troch dizze tiid hinne helpe kin. Dy ienriedichheid is yn dizze tiid fan belang, dêrom is it ek spitich, dat PvdA en Grien Links dizze moasje net stypje woene.
Guon ûndernimmers bin oant dusfier tusken de mazen fan de regelingen fallen. Sûnt koart bestiet de TONK-regeling. Mooglik is dat foar guon ûndernimmers in útkomst. Gerda de Vries frege de wethâlder om dêr bijgelyks ek fia it webstek fan de gemeente mear bekendheid oan te jaan: foar wa is dy regeling en hoe moat dy regeling oanfrege wurde.