NIJS   15-06-2021


Fragen FNP DFM oer ferkenner bolleteelt

It brûken fan gewas-beskermingsmiddels rûnom doarp en stêd yn De Fryske Marren; hjiroer ha ynwenners noed en soarch foar har sûnens en lânskip.

"noed oer effekten gemyske bestridingsmiddels" (Jeltsje Piersma freget b&w)

De provinsje hat in ferkenner oansteld dy’t útsykje sil wat de problemen no krekt binne oangeande de bolleteelt yn Gaasterlân. Hy sil ek útsykje oft der draachflak is by telers, omwenners en gemeente(n) foar in projekt duorsume bolle- en sierteelt. De ferkenner hat kontakt opnommen mei pleatslik belang fan Aldemardum, Wikel en natuerorganisaasjes en oaren dy’t der mei anneks binne. Under harren is in fragelist útset. Dat moat liede ta in ferslach nei de provinsje.

 

Nei oanlieding hjirfan ha wy (lykas yn it ferline) in oantal fragen steld oan it kolleezje fan b&w fan De Fryske Marren:

 

1. Is it kolleezje op de hichte dat der troch de provinsje (deputearre Hoogland) in ‘ferkenner’ oansteld is?

 

2. Is it kolleezje belutsen bij dit provinsjale projekt en hoe dan? Wat is dan eventueel de rol fan de gemeente?

 

3. Is it kolleezje op ‘e hichte dat der in fragenlist útset is troch de ferkenner, de hear Osinga by ferskillende organisaasjes (PB Aldemardum, Wetterskip en stichting Natuerlân)

 

4. Dit ûndersyk sil in einferslach opleverje. Is al bekend wat de proseduere wêze sil neidat it einferslach oplevere is?

 

5. Wurde de resultaten fan dit ûndersyk bygelyks werom keppele nei de belutsen minsken/telers/organisaasjes. En wurdt der in gearkomste organisearre mei telers, pleatslike belangen, omwenners om de útkomsten te bepraten?

 

Fierder ha wy noch in pear fragen dy’t los stean fan it provinsjale projekt.

 

6. Is/of wurdt ‘VITALE TEELT 2030’ ûnderdiel fan it projekt of kin dit in ûnderdiel wurde?

 

7. Kin it resultaat fan it ûndersyk liede ta in konvenant?

 

8. Is der kontakt west mei de gemeente Westerveld dêr’t ek (in soad) bolleteelt foarkomt? Hoe pakke sy it oan en wat binne har ûnderfiningen?

 

Mei freonlike groetnis,
Jeltsje Piersma,
fraksje FNP De Fryske Marren

 

NIJ - 07-07-2021: 
de beantwurding op boppesteande fragen is hjir te finen (klik hjir)



Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip, Plattelansbelied, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer