NIJS   07-07-2021


Beantwurding B&W op fragen FNP DFM oer bolleteelt

De fraksje fan de FNP hat in reaksje krigen fanút it kolleezje fan B&W op de fragen dy't steld wienen oer de (ferkenner by de) bolleteelt yn Gaasterlân.

"Wy sille ried ynformearje oer ferfolch ferkenning" (Kolleezje beanderet fragen FNP)

Hjir folgje de antwurden op de earder stelde fragen:

 

Fraach 1: Is it kolleezje op de hichte dat der troch de provinsje (deputearre Hoogland) in ‘ferkenner’ 
oansteld is? 
Antwurd B&W: Ja, dêr binne wij fan op’e hichte.

 

Fraach 2: Is it kolleezje belutsen bij dit provinsjale projekt en hoe dan? Wat is dan eventueel de rol fan de gemeente?

Antwurd B&W: De ferkenner is oansteld troch de provinsje en sil ek rapportearje oan de provinsje as syn opdrachtjouwer. Yn dizze ferkenning sil kontakt opnommen wurde mei de meast belutsen gemeenten, telers en omwenjenden. Yn de fraachstelling sil neigien wurde of der draachflak is foar in projekt ferduorsuming bolletylt en of in konvenant omtrint it gebrûk fan bestridingsmiddels. Wy hawwe de ferkenner frege om in petear om de situaasje en de ynhâld fan in mooglik project yn De Fryske Marren neier te besprekken.

 

Fraach 3: Is it kolleezje op ‘e hichte dat der in fragenlist útset is troch de ferkenner, de hear Osinga by ferskillende organisaasjes (PB Aldemardum, wetterskip en stichting natuerlân)?
Antwurd B&W: Wy binne der fan op de hichte dat der in fragelist is dy’t útset is by belutsen partijen. Wy hawwe as gemeente ek in fragelist tastjoerd krigen.


Fraach 4: Dit ûndersyk sil in einferslach opleverje. Is al bekend wat de proseduere wêze sil neidat it einferslach oplevere is?
Antwurd B&W: It einferslach sil oan de deputearre oanbean wurde en dêrnei wurdt it dield mei alle belutsenen. Op basis fan de konklúzjes sil besletten wurde hokker ferfolchstappen setten wurde kinne. We sille de rie ynformearje sadra’t we mear witte oer it ferfolch fan de ferkenning. 

 

Fraach 5: Wurde de resultaten fan dit ûndersyk bygelyks werom keppele nei de belutsen minsken/telers/organisaasjes. En wurdt der in gearkomste organisearre mei telers, pleatslike belangen, omwenners om de útkomsten te bepraten?
Antwurd B&W: Sjoch ek it antwurd op fraach 4. Wy tinke dat it mei elkoar yn petear kommen/bliuwen in wichtige skeakel is yn it realisearjen fan in situaasje dy’t leefber/wurkber is foar alle belutsenen. Wat ús oanbelanget sil dêr dus op ynstutsen wurde.


Fraach 6: Is/of wurdt ‘VITALE TEELT 2030’ ûnderdiel fan it projekt of kin dit in ûnderdiel wurde?
Antwurd B&W: Yn Vitale Teelt 2030 jout de bollesektor sels har fyzje op in robuust, kwalitatyf en duorsum teeltsysteem mei 2030 as hoarizon. Der binne dúdlike raakflakken mei de problematyk dêr’t it no oer giet, dus it kin net misse dat der parallellen komme te lizzen.

 

Fraach 7: Kin it resultaat fan it ûndersyk liede ta in konvenant?
Antwurd B&W: Dat soe kinne. De meast geskikte foarm wêryn’t ôfspraken fêstlein wurde kinne sil noch bliken dwaan moatte. In konvenant kin in mooglikheid wêze. Us ynset sil yn elts gefal wêze dat der in bliuwende dialooch mei alle belutsenen bliuwt dy’t bydrage kin oan in ferbettering yn de situaasje.  

 

Fraach 8: Is der kontakt west mei de gemeente Westerveld dêr’t ek (in soad) bolleteelt foarkomt? Hoe pakke sy it oan en wat binne har ûnderfiningen?
Antwurd B&W: Yn Westerveld wurdt in pilot starten yn it ramt fan it Landelijk Uitvoeringsprogramma Toekomst gewasbescherming 2030. Der wurdt dêrby ûndersocht hoe’t kwalitatyf goede blombollen teeld wurde kinne sûnder de leefomjouwing te belêsten. Undersikers, oerheden en middelleveransiers sille yn gearwurking mei telers en omwenjenden yn de praktyk de nedige kennis en ûnderfining opdwaan. De útkomsten binne fansels foar hiel Nederlân fan belang. De provinsjale verkenner is by de pilot yn Westerveld belutsen en kin dus ek dwersferbannen lizze mei de situaasje yn ús gemeente.  



Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip, Plattelansbelied, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer