Fraksjelid Jeltsje Piersma is al skoften dwaande omtinken foar it probleem fan de sproeierij te freegjen. Op de hege sângrûnen, dus benammen yn Gaasterlân, wurde in soad leeljes teelt, dêr’t wykliks gif oerhinne spuite wurdt. Ek bij de fruitteelt wurde faak in soad beskermingsmiddels brûkt. Guon fan dy perselen lizze neist bewenning. It gif bedarret sadwaande yn de tunen. Minsken doarre betiden de ruten net iepen te setten, lit stean sels in grientetún te begjinnen.
It is moai dat de gemeente dat probleem no oppakt. Yn it paraplubestemmingsplan wurdt in spuitfrije zone fan 50 meter fan krêft. Dat is in stik better as no, mar it is mar in begjin. Spitigernôch jildt it aanst allinnich foar dy perselen dy’t earder noch net brûkt binne foar ikkerbou.
Mei oare wurden: it is in goed begjin, mar no oanhâlde en trochsette.
Jeltsje Piersma
Riedslid FNP De Fryske Marren
Sjoch ek: "noed oer effekten gemyske bestridingsmiddels"
Ofbylding: www.vee-en-gewas.nl