![]() |
Schlüttsiel - De SSW yn Sleeswyk-Holstein en de FNP binne fan betinken dat it Frysk troch Nederlân en Dútslân as wrâlderfgoed oanmeld wurde moatte by de Unesco.
Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken (Prov. Steaten) Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl
|
Sûnt septimber is de Nederlânske oerheid begûn mei in kampanje om ideeën te garjen foar tradysjes dy't beskerming fertsjinje. De reden is dat Dútslân en Nederlân it ferdrach foar de beskerming fan ymmaterieel kultureel erfskip fan FN-kultuerorganisaasje Unesco ûnderskreaun hawwe en no ideeën sammelje.
Yn in mienskiplike taspraak seine FNP-Steatelid Sybren Posthumus en SSW-fraksjefoarsitter fan de Sleeswyk-Holsteinske Lândei Lars Harms: "De skiednis fan de Friezen begjint yn de âldheid. De kultuer en taal fan de Friezen binne dan ek oant de dei fan hjoed in ûnmisber ûnderdiel fan de mienskiplike Europeeske skiednis. Neffens ús is it nuttich en mooglik om de Fryske taal en kultuer oan de Waadseekust oan te melden as kultureel wrâlderfskip, sis mar in ymmateriële wjergader op ‘e fêstewâl fan de Waadsee sels, dy't de status hat fan natuerlik wrâlderfskip. It giet dus net inkeld om de natuer, mar ek om it hoedzjen fan de kultuer fan it waadgebiet. Bioferskaat en kultuerferskaat giet faak hân yn hân".
Posthumus wol der mei klam op wize dat it dêrby net giet om it Frysk as ‘museumstik' mar om de takomst fan de ferskate farianten fan de taal en in goed plak foar it Frysk yn Europa en de wrâld. Troch gearwurking fan de ynwenners om de waadsee hinne en de ferskate oerheden kin it Frysk befoardere wurde en field wurde as part fan de identiteit en mienskip fan alle minsken dy't yn it gebiet tusken Alkmaar (West-Fryslân) en Denemarken wenje. Mei in goed plan neffens de rjochtlinen fan de Unesco kin de takomst fan de taal sa garandearre wurde. Earder is der troch ferskate politisy yn Sleeswyk-Holstein al op oanstien dat it Nedersaksysk troch de UNESCO erkend wurdt as kultureel wrâlderfskip.
Tongersdei en freed hat de FNP-fraksje yn de Steaten fan Fryslân in wurkbesite brocht oan de SSW, in regearingspartij yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein (Dútslân). Ek deputearre Kramer wie mei, dy't yn Flensburg oer ferskate ûnderwerpen praat hat mei Minister Anke Spoorendonk. Frou Spoorendonk is út namme fan de SSW minister yn Sleeswyk-Holstein (meast noardlike dielsteat fan Dútslân, tsjin de grins fan Denemarken oan). De SSW is de partij fan de Denen en Noardfriezen. Sûnt ferline jier is de SSW, lykas de FNP, ek fertsjintwurdige yn de koalysje. Dielsteaten yn Dútslân hawwe lykwols folle mear foech as de provinsjes yn Nederlân. Sa kinne se sels wetten fêststelle en hawwe ek folle mear jild ta har foldwaan.