monofergister soe wol in kollektive foarsjenning foar it bûtengebiet wêze kinne. Derom ha de FNP-fraksjes fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren op wurkbesite nei de firma Stokman yn Koudum west, om’t dêr’t sûnt in jier in monofergister yn bedriuw is.
Hoe wurket in monofergister
De monofergister fan de firma Stokman ferwurket dong fan 600 kij ta grien gas dat op it besteande ierdgasnet oansletten wurdt foar 300 húshâldingen. Foar it proses wurdt allinnich dong brûkt, gjin oare biomassa. Dêrfandinne it ‘mono’. De fergister set de metaan út de dong troch ferwaarming om yn gas. Fia nije technyk set de fergister dat om yn ierdgas.
Stokman hat sels 280 kij en krijt dong oanlevere fan twa feehâlders út de regio. De dong sûnder metaan dy’t oerbliuwt nei it proses, kin lykas gewoane dong oer it lân. It jout deselde resultaten kwa gersgroei, mar in fermindering fan metaanútstiet.
It grutte foardiel en ek in neidiel
It grutte foardiel fan de monofergister is dus dat der gas makke wurdt, dat fia de besteande liedingen bij de minsken komt. En dat tagelyk in metaanreduksje fan 25% berikt wurdt. Der sit ek in neidiel oan: foar de monofergister is farske dong nedich, en dan kinne de kij net fierderop yn it lân. Bij Stokman kinne de kij wol frij kieze tusken de stâl, de jister om de stâl hinne en de jaKOEzie.
Monofergister soe in gaadlike oplossing foar it plattelân wêze kinne
Dit soe in gaadlike oplossing foar de lytse doarpen en buorskippen wêze kinne. Wa wit binne der koöperaasjes mooglik tusken in pear boeren en omwenners. Soe soks in kâns wêze foar besteande enerzjykoöperaasjes?
De fraksje wol graach witte wat de mooglikheden binne yn De Fryske Marren en stelt hjir fragen oer oan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (sjoch ûnder de foto's).
Foto 1: kij yn de jaKOEzie fan Stokman
Foto 2: kij yn de jaKOEzie fan Stokman
Foto 3: rjochts Stokman en de frou en rest fraksje
Foto 4: Stokman en fraksje by de fergister