NIJS   11-10-2021


FNP komt mei oanfalsplan wenjen!

Wenjen yn Fryslân, in serieus probleem.

"Wenje wêr't wy wenje wolle!" (Sijbe Knol)

Voor de Nederlandstalige tekst, klik hier.
 

It belied op it mêd fan wenjen yn Fryslân is fêstrûn. Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa'n tsien jier lyn, efterôf te foarsichtige prognoazes fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing dy't soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes, de ferkeap fan hierwenningen. Fraach en oanbod komme net mear by-inoar.

Ynvestearders en twadde wente-eigeners dy't mei in soad oerwearde en goedkeap liend jild derfoar soargje dat jonge minsken net mear oan in hûs komme kinne. It tanimmen fan it tal flechtlingen oer de hiele wrâld, wêrfan't guon yn Fryslân in plakje krije moatte, wengelegenheid foar de tydlike wurkers yn ús bedriuwen. Alderein, dy't eins wol mei in lytsere wenning ta kinne, mar graach yn de eigen mienskip bliuwe en foar wa't in oergong nei dat lytsere hierappartemint finansjeel folle hegere kosten yn de moanne betsjut. De ‘wenningmerk' docht foar tefolle minsken syn wurk net.

 

Wat kin Fryslân no al dwaan?

Der binne minsken dy't nei De Haach sjogge foar in oplossing, oaren roppe yn it wylde wei ‘bouwe, bouwe, bouwe!', en wer oaren wolle 45.000 wenningen by de grutte Fryske kearnen. De FNP hat ek each foar de lytsere en middelgrutte kearnen en komt dêrom mei in oanfalsplan, dat rekken hâldt mei de aard, skaal en karakter fan dizze provinsje. Ek wat it lânskip oangiet.

 

Aard, skaal en karakter, wat betsjut dat yn de praktyk?

De FNP wol dat elke gemeente sels mear stjoer krijt op de wenromte foar syn ynwenners. Dat betsjut dat de FNP mei in tal konkrete maatregels komt. Dêrmei krijt aanst elke gemeente de romte om der foar te soargjen dat ynwenners en Friezen om utens yn guon gefallen in foarsprong krije by it finen fan wenromte.

 

Frysk Startersmodel

De FNP wol dat de oerheden wurk meitsje fan in Frysk startersmodel. De gemeente makket it starters dêrmei makliker om yn de eigen omjouwing in wenning te keapjen. Yn it model pakt de gemeente de rol as húsfêster werom dy't it yn it ferline kwytrekke is.

 

Húsfêstingsferoardering

De FNP wol ek dat yn elke gemeente in húsfêstingsferoardering komt: dêrmei kin de gemeente stjoere op doelgroepen en op it gebrûk fan wenningen.

 

De oplossingen fan de FNP

  • Yntroduksje fan it Frysk Startersmodel
  • In húsfêstingsferoardering yn elke gemeente
  • Spesifyk belied foar statushâlders, arbeidsmigranten en studinten
  • Untmoedigje fan twadde wenningbesit en toeristyske ferhier
  • Skrassen fan de ferhierdersheffing
  • Strakkere prestaasje-ôfspraken mei de wenningkorporaasje
Downloads:
Folder 'Wenje yn Fryslân'
FNP Oanfalsplan Wenjen
EFA-moasje oer wenjen 


FNP komt mei oanfalsplan wenjen!



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer