“Ik ha it hjir moeilik mei hân”, seit FNP-fraksjelid Gerda de Vries. “De projektgroep hat in hiel soad wurk dien, dat witte je, dus dan wolle je har graach stypje. En de FNP is flak foar in brûsplak op ‘e Jouwer. Us fraksje hat yn july 2017 al middels in amendemint jild frij meitsje wollen foar it Lokaal, de foargonger fan it Brûsplak. Mar wy wolle as FNP alle foars en tsjins op in rij ha, foardat wy in beslút nimme. Dat je ek witte wat de alternativen binne. Dat je ek mei de oaren prate kinnen ha oer de kosten. Dat je witte wat dat foar it totale doarpshuzebelied betsjut. Dus hoe spitich ek, we moasten dit útstelle.
In oar punt is noch it draachflak. By it petear, foarôfgeand oan de ried, ha de buertbewenners ynsprutsen. Mei gjin alternativen foar de Stuit te jaan, komme de buertbewenners bûten spul te stean. Der is op dit stuit yn de buert gjin draachflak foar de Stuit. “Dy ha wol in punt”, neffens Gerda de Vries, “sadwaande is yn de moasje opnommen dat yn byld brocht wurde moat wat de effekten foar de direkte omjouwing binne fan mooglike lokaasjes.”
Alles meinimmende hat de ried besletten om dit ûnderwerp fan de wurklist te heljen. Middels in moasje, stipe troch hast alle fraksjes fan De Fryske Marren, hat it kolleezje de opdracht krigen mear ynformaasje te jaan oer alternativen en kosten en faker mei de rie kontakt oer dizze kwestje te sykjen.
De Stuit
't Haske
Evenemintehal
Evenemintehal