Gerda De Vries is in mienskipsminske, ‘mei-inoar foar elkoar’ is har biedwurd. Dat makket se ûnder oare wier yn de gemeenteried, se hat in wrâld oan ûnderfining as fraksjefoarsitter en fraksjelid. “De kommende perioade stiet de wentebou sintraal, it is te gek foar wurden, safolle minsken dy’t net mear in hûs fine kinne. Wenje, wêr’t wij wenje wolle, mei foarrang foar eigen bewenners. Dêr sette wij mei ús nije ploech op yn. Ik ha der alle fertrouwen yn dat wij it mei elkoar in ein skoppe sille”, seit de nije
listlûker.
Jan Volbeda, dy’t fan alle kanten wurdearring kriget foar syn wurk as fraksjefoarsitter, woe sels graach in stapke werom sette. Hij stiet no as twadde op de list en wol syn romme ûnderfining as riedslid graach ynsette om nije fraksjeleden op wei te helpen. Jan is in grut foarstanner foar ‘fan ûnderen op’, de beslútfoarming sa ticht mooglik bij de minsken.
Nei him komme in tal eardere riedsleden: Jeltsje Piersma, Jochum Meester en Remboud van Iddekinge. Jeltsje is faak ûnderweis, yn it spier foar bewenners fan De Fryske Marren. Se fynt it wichtich om de ferskillende kanten fan in saak dy’t spilet bij minsken sels te belústerjen en wat mei te dwaan. Jochum hat it wenjen sintraal stean foar de kommende perioade. “In hûs keapje of hiere is hast net mear te dwaan, lit stean yn eigen doarp. Set yn op it bouwen fan nije wenten en jou ús eigen ynwenners in foarsprong”, seit Jochum. Fierder rjochtet hij him op de sport en de kontakten mei de jongerein. Remboud is de finansjele spesjalist fan de fraksje. Fansels belangebehertiger foar De Lemmer, en fierder ambisjeus as er is, bemuoit er him mei alles, it hiele gemeentewurk hat syn belangstelling.
Nij op plak 6 stiet Wouter Wouda, in man mei brede maatskiplike ynteresse en op dit stuit foarsitter fan de provinsjale FNP. As geograaf wol hij graach lokaal oan de gong mei romtlike oardering. ‘De romte is ús goud’, stiet yn it ferkiezingsprogramma, en dêr stiet Wouter 100% achter. Wiebe Hoekstra komt werom yn de Fryske Marren op plak 7. Hij hat no wer tiid, en popelt as polityk dier om ynhâldlik oan de gong, mei alles, mar net yn it minst mei kultuer en taal. Sander Mollema, Janke de Vries en Jelmer Quartel meitsje de earste tsien kompleet. FNP De Fryske Marren hat op dit stuit in fraksje fan 7 persoanen.
Wy binne tige wiis dat wy wer in moaie list mei totaal 32 nammen gearstald ha!
01 Gerda de Vries-Suierveld, De Jouwer
02 Jan Volbeda, Aldegea
03 Jeltsje Piersma, Nijemardum
04 Jochum Meester, Sint Jânsgea
05 Remboud van Iddekinge, De Lemmer
06 Wouter Wouda, De Jouwer
07 Wiebe Hoekstra, Sint Jânsgea
08 Sander Mollema, Nijemardum
09 Janke de Vries, Dunegea
10 Jelmer Quartel, De Jouwer
11 Chris van Hes, De Jouwer
12 Auke Swart, Balk
13 Baukje Miedema, Murns
14 Harry de Wolff, Aldehaske
15 Durk Durksz, Vegelinsoard
16 Arjen de Ree, De Jouwer
17 Auke Bijlsma, Terherne
18 Wijtze Boomsma, Balk
19 Geert van der Schaaf, Langwar
20 Sibbele Sikkes, Terkaple
21 Piet Salverda, Aldemardum
22 Janke de Jonge-Kampen, Sint Nyk
23 Gerrit Meinema, De Lemmer
24 Hein Boersma, Sint Nyk
25 Kees van Strien, Balk
26 Elly Bouwhuis, De Jouwer
27 Jan Westra, Sint Nyk
28 Herke Bijker, Ousterhaule
29 Jan Hettinga, Aldehaske
30 Egbert de Jong, Sint Nyk
31 Tjepke van der Honing, De Jouwer
32 Johannes van der Pal, De Lemmer