NIJS   18-01-2022


FNP krijt de ried mei oer oanpak ôffalskieding

Yn de Fryske Marren wurdt fierstentefolle werbrûkbere grûnstof yn de grize konteners smiten. Tink oan grien ôffal, papier, glês, boumateriaal. Dat is net duorsum, it is sonde en it is djoer. It kolleezje hat dan ek it doel om dat drastysk oan te pakken.

"Praat opnij mei ynwenners oer doel ôffalskieding" (Jochum Meester)

Yn it ‘Grondstof Beleidsplan’ stelle se foar om dêrom fanôf 1 april 2022 de grize konteners minder faak te leegjen en dat te begelieden mei in kommunikaasje-kampanje sadat ynwenners it doel dêrfan begripe en mei drage.
De gemeenteried fan 12 jannewaris is it iens mei de doelstelling, mar net mei de útfiering. Der leit in amendemint fan de koälysje en D’66, dus fan de mearderheid, om de planning om te kearen. Earst de bewustwurding, dan in evaluaasje, en pas dêrnei per 1 jannewaris 2023 de konteners minder faak leegje. De FNP giet in stap fierder. Fraksjelid Jochum Meester freget de ried om de evaluaasje ôf te wachtsjen, te hearren wat de minsken der fan fine, en pas dêrnei te besluten oer de frekwinsje fan it leegjen. De ynwenners moatte in stim hâlde yn it ôffal-belied. Dy fraach soarget foar in tige spannende riedsgearkomste mei as beslút: it útstel fan de FNP wurdt oernommen!

 

Offal skiede moat fanselssprekkend wurde
“B&W hat in ambisjeuze doelstelling”, aldus Jochum Meester. “Fan 132 kilo de ynwenner yn 2019 nei 60 kg yn 2025. Dat is wol hiel ambisjeus. De kommunikaasje de ôfrûne wiken is net hiel goed ferrûn en wie faaks sadanich dat der wjerstân kommen is. It draachflak ûntbrekt. Minsken fiele har oerfallen en sette de hakken yn de grûn. Je kinne no dus sa’n ambisjeuze doelstelling net mear yn ien kear helje, dat freget lytsere stappen. En dêr moatte de ynwenners by belutsen wurde. Praat mei ús ynwenners oer dit ûnderwerp, set yn op bewustwurding, is it helder wat it probleem is dat oplost wurde moat? Kreëarje draachflak, stimulearje kampanjes as "Ho! Net yn de kliko". Offal skiede moat fanselssprekkend wurde.”

 

Lit it noch ris yn jim omgean
It útstel fan de FNP is yn grutte trekken gelyk oan it amendemint fan koälysje en D’66, dat ek ynstimming hat fan wethâlder Irona Groeneveld. Behalve dan dat dy partijen it beslút ta fermindering fan de ynsammel-frewkinsje no al nimme wolle. De FNP wol dat dus pas nei de evaluaasje oan it ein fan it jier dwaan. Jochum freget yn de riedsgearkomste de fraksjes noch ris goed yn har omgean te litten oft dat net better is. Ommers at je no in beslút oer de frekwinsje nimme sette je de ynwenners eins bûten spul. Dat is krekt it probleem dat de ynsprekkers en doarpsbelangen no mei de gong fan saken ha.

 offalbelied foto fan gemeente dfm

De ried is fan slach
Ta fernuvering fan hast alle partijen komt Alderse Baas fan it CDA nei in skorsing werom mei de ferklearring dat se it foarstel fan de FNP oernimme. It CDA tsjinnet selsstannich in nij amendemint yn mei dy strekking. De koälysjepartijen en D'66 binne hjir net bliid mei, om it op syn Frysk út te drukken. De oare partijen binne fernuvere en ha soks noait meimakke, neffens har sizzen. De diskusje hjiroer duorret sa’n bytsje de hiele fierdere rie. Yn alle toanaarden wurdt frege, wat no krekt it argumint fan it CDA wie om op it lêste momint fan miening te feroarjen. NCPN en VVD spekulearje sels dat Alderse Baas al bûnsmaten siket foar nei de ferkiezingen. It bliuwt oant it lêste momint spannend hoe’t de stimming útfalle sil, mar mei 17 fan de 28 stimmen wurdt it amendemint fan it CDA, mei de foarstelde wiziging fan de FNP, oannommen.

 

Sadwaande sille de ynwenners duorjende 2022 en ek yn de evaluaasje meiprate kinne en ynfloed ha kinne op it grûnstofbelied.

 

 

foto: út grûnstoffenbeliedsplan gemeente DFM



Tags: Miljeu, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer