FNP-fraksjelid Gerda de Vries kaam dus pas yn de Gemeenteried fan 26 jannewaris 2022 mei de krityk fan de FNP. “It plan is fierder prima, mar wat daliks opfalt is dat dat der gjin wurdt ynstiet oer ús Fryske taal. It Frysk spilet op twa manieren in rol, it is de sprek- en skriuwtaal fan de measte ynwenners. It is fansels ek immaterieel erfgoed (in ûnderdiel fan it plan), te witten it âldste erfgoed dat wij ha, âlder as de tsjerken, âlder as it Hollânsk, it is fan 600 foar Kristus.”
Sadwaande kaam de FNP mei in moasje, dy’t mei yntsjinne waard troch CU, Grien Links, PvdA en VVD, om it folgjende beliedsútgongspunt ta te foegjen: Het welbevinden van alle inwoners van onze tweetalige gemeente wordt versterkt door een vrije taalkeuze voor Nederlands of Frysk. De gemeente stimuleert het gebruik van het Frysk binnen de sector kunst en cultuur als voertaal en als doeltaal. Wethâlder Roel de Jong skamme him suver, nei eigen sizzen, dat hij hjiroan foarbijgongen wie. Hij stie pal achter de moasje. Fierder sei hij ta dat yn de Beliedsnotysje erfgoed, dy’t noch ûntwikkele wurdt, rom omtinken wêze sil foar it Frysk as ymmaterieel erfgoed.
De moasje is unanym troch de Rie oannommen.
In hiele moaie útkomst dus, dat alle partijen har hjir achter steld ha, en ek in moai útgongspunt mooglik foar straks it Taalbelied.