Sa wurde op in duorsume wize in protte ynwenners fan de wetterrike gemeente berikt. Boppedat stiet it 'Vaarhuis' symboal foar ien fan de wichtichste tema’s yn de gemeenteriedsferkiezingen fan 14, 15 en 16 maart: wenningbou. “De FNP striidt al jierren foar mear kânsen foar eigen jongerein op de wenningmerk en der moatte no spikers mei koppen slein wurde. Dat wolle we mei dizze tour nochris dúdlik meitsje”, aldus FNP listlûker Gerda de Vries oer de fartocht yn ús wetterrike gemeente.
De gemeente hjit net foar neat De Fryske Marren; de doarpen en de stêd Sleat binne gastfrij en in besite fanôf it wetter is in belibbenis. Jan Volbeda, twadde op de list, ferwurdet it sa: “Jo belibje de skitterjende iepen romte en de widens fan it lân op in spesjale wize. Dizze romte is ús goud! In kostber geskink dat we graach sa trochjouwe oan nije generaasjes.”
Wolkom oan board!
Wy hjitte jo graach wolkom oan board by de FNP om fierder te praten oer de wentebou en oare wichtige saken. Dat kin by de feestlike ôftraap fan de ferkiezingskampanje op sneon 12 febrewaris om 14.00 oere op De Syl 12 yn Terherne en op alle oare dagen as we de gemeente yn gean. Fansels komme wy ek yn de plakken wêr't net in boat komme kin, hâld ús sosjale media yn de gaten!
Oanlisplakken, data en tiden
Ofhinklik fan waar en wyn fansels:
Ti + wo | 22 en 23 febr | Terherne | 10.00 – 17.00 |
Fr + sn | 25 en 26 febr | De Jouwer | 10.00 – 17.00 |
Ti + wo | 1 en 2 mrt | Langwar | 10.00 – 17.00 |
Fr + sn | 4 en 5 mrt | De Lemmer | 10.00 – 17.00 |
Ti + wo | 8 en 9 mrt | Sleat | 10.00 – 17.00 |
Fr + sn | 11 en 12 mrt | Balk | 10.00 – 17.00 |