NIJS   21-03-2022


Utslach gemeenteriedsferkiezings 2022 bekend

De útslach fan de gemeenteriedsferkiezings fan gemeente De Fryske Marren op 14, 15 en 16 maart is bekend. FNP De Fryske Marren is de grutste partij wurden mei grutte tank oan alle stimmers.

"De grutste! Tige tank foar jo stim! Grutsk!" (FNP De Fryske Marren)

Yn in iepenbiere sitting hat boargemaster Fred Veenstra út namme fan it sintraal stimburo de útslach bekend makke. Dizze sitting is werom te sjen fia de folgjende link: www.youtu.be/yLxHwbg8GHc?t=868.

 

Mar leafst 4912 stimmers ha foar de FNP keazen yn gemeente De Fryske Marren. In boppeslach!
De folgjende kandidaten komme út namme fan de FNP yn de gemeenteried 2022-2026:

 

Gerda de Vries-Suierveld
Jan Volbeda
Jeltsje Piersma
Jochum Meester
Jelmer Quartel
Remboud van Iddekinge
Wouter Wouda

 

Tige tank oan alle stimmers!

 



Tags: Ferkiezings, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer