NIJS   26-11-2012


Feestlike sfear op drokke Ledegearkomste FNP

Freedtejûn hawwe de oanwêzige leden op de FNP ledegearkomste yn it Abe Lenstra stadion op it Hearrenfean in boadskip opsteld foar de polityk yn Den Haach: dat Fryslân bestjoerlik bestean bliuwe moat en sil. Dêroer waard in resolúsje oannommen, dy't nei it regear en de Earste en Twadde Keamer stjoerd wurdt.

Nynke Beetstra   

Bêste minsken, 

 

De stimming wie poerbêst by de Ledegearkomste yn it Abe Lenstrastadion. Der wie in grutte opkomst en in soad belangstelling foar de rûnlieding troch it stadion. Germ Gerbrandy kaam hannen te koart om alle lokwinsken yn ûntfangst te nimmen as nije FNP-boargemaster. Pyt Kramer is beneamd ta earelid fan de FNP. Hy wie 50 jier lyn ien fan de oprjochters fan de partij. Fierder is der in nije folder presintearre, namen wy ôfskied fan Jantsje Heeringa en is Miriam van der Veen fan Sumar ynhammere as nij haadbestjoerslid.

 

Nynke Beetstra, partijfoarsitter

Reaksje? Mail nynke.beetstrafryslan.nl

 

It ferdwinen fan de provinsje Fryslân sille we nea akseptearje. Dat sille de Friezen nea akseptearje. Dêr komme se yn Den Haach noch wol achter foarsafier't se dat noch net wisten. Dat der gefaar driget, is dúdlik. As FNP sille we dêr op antisipearje moatte en net achter de feiten oanrinne. Wy moatte ús in helder byld foarmje oer hoe't wy de bestjoerlike takomst fan Fryslân sjogge. Hoe't we in sterke provinsje mei mear foech krije kinne. Hoe't we it Haachske machtstinken pareare kinne.

 

It is tryst dat dat Haachske Rânestêdtinken útdroegen wurdt troch twa regearingspartijen mei (min-of-mear) Fryske fraksjelieders: VVD'er Halbe Zijlstra, hikke en tein yn Easterwâlde, en Diederik Samsom fan de PvdA, yn Grins berne, mar yn Ljouwert grutwurden en op skoalle sitten. Ek dy oare Fryske fraksjelieder, CDA'er Sybrand van Haersma-Buma, dêr't ik yn myn jonge jierren yn Warkum noch op past haw doe't syn heit dêr boargemaster wie, kinne we noch net betraapje op grutte leafde foar Fryslân. Fryske fraksjelieders fan lanlike partijen moatte we dus neat foar rekkenje.

 

We moatte sels de leie nimme en útgean fan de eigen krêft fan Fryslân en de Friezen. Mei miskien dan in frije Fries yn De Haach. Oan de FNP de útdaging mei in goed takomstplan te kommen en de Friezen dêryn mei te krijen.

 

 

Klik hjir nei it Fideo-ferslach fan Omrop Fryslân en fraachpetearen mei Marten van der Veen en Annigje Toering.

 

Klik hjirûnder nei de folsleine taspraak en de resolúsje dy't de ALG oannommen hat rjochting de Haachske polityk:



Downloads:
Taspraak partijfoarsitter nynke beetstra
FNP resolúsje fryslân bestjoerlike ienheid


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer