NIJS   18-01-2023


Eksperimint oer wenfyzje is slagge

Moandei lei wethâlder Chris van Hes de gemeenteried de ‘Startnotitie Woonvisie DFM’ foar yn in saneamd Konsulterend Petear. In eksperimint, in nije oanpak fan de grutte problemen fan dizze tiid. Foardat it kolleezje begjint mei in ûnderwerp, wurdt de ried frege har miening te jaan: wat fine de riedsleden wichtich, welke kant wolle de ferskillende partijen út?

"safolle mooglik goedkeape hier- & keapwenten bouwe" (Partijen yn DFM binne it iens)

Yn de wenfyzje beslút de gemeenteried hokker wenten de kommende jierren boud wurde sille; gesins-wenten of wenten foar ien persoan? Hierwenten of keapwenten? Djoer of goedkeap? Yn de grutte doarpen of rûnom? Eigen ynwenners foarrang of net? Belangrike keuzes om te meitsjen, en dus geskikt dat de gemeenteried frege wurdt welke kant se hjirmei út wol.

 

De gemeenteried wie it fierhinne iens: benammen each foar de jongerein dy’t in hûs besette kinne moat yn de eigen gemeente. Ek foarrang foar eigen ynwenners, foar safier dat kin; sûnder oare groepen lykas statushâlders en kwetsbere persoanen oer te slaan. Safolle mooglik goedkeape hier- en keapwenten dus. Ek fûnen de partijen allegearre dat dy huzen yn alle doarpen en ús stêd komme moatte, net allinne yn de grutte kearnen. En dat de gemeente dêr ek it foartou yn nimt. Ek binne de riedsleden it iens mei it kolleezje dat de ynwenners aktyf bij de planfoarming belutsen wurde moatte.

 

Us wurdfierdster Jeltsje Piersma frege oft it Oanfalsplan Wentebou fan de FNP bekend is (folder). Piersma wiisde noch op de erfpachtkonstruksje dy’t dêryn as ien fna de oplossingen neamd wurdt. De gemeente hâldt dan de grûn yn eigendom, dêrmei kin de keappriis omleech. Ek kaam it probleem fan 2e wenten oan de oarder. Foar nije huzen is no in wenplicht ynsteld, mar dat soe ek foar âlde huzen barre moatte, om de doarpen en stêd leefber te hâlden.

 

De wethâlder en amtners litte alle mieningen en advizen yn har omgean en komme neffens har planning foar de simmerfakânsje mei de definitive wenfyzje bij de ynwenners en ried, wêrnei de ried hjiroer beslute kin.

Dit part (oer de Wenfyzje) fan it petear is hjir werom te sjen:
channel.royalcast.com/webcast/defryskemarren/20230116_1

 



Tags: Faklju, Plattelansbelied, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer