Foarsitter, ik ha net safolle wurden nedich hjoed. It wurdt net in hiel betooch, mar ik wol puntsgewiis oanjaan wat de FNP kommend jier wol.
Fansels hat ús fraksje hat in enoarme list oan winsken, mar foar it kommende jier wolle wy it beheine. Foar 2023 freegje wy oandacht foar it folgjende.
Romte
It behâld fan ús romte en natuer, dat is foar de FNP tige wichtich. Gjin grutte bouprojekten of sinneparken yn de iepen romte of yn de natuer. Fan de Iselmar ôfbliuwe. Dit jildt fansels net allinnich dit jier, dit moat yn ús eagen de noarm wêze.
Wentebou
As lyts famke boude ik al húskes. No binne we rom 50 jier letter en symboalysk smyt ik de boustienen op de flier om no echt ris wurk te meitsjen fan goedkeape hier- en keapwenten foar ús jongerein. Om de trochstream te befoarderjen kinne der ek lytsere wenten foar ús alderein boud wurde, tink dan ek ris oan de saneamde Knarrehôven.
Leefberens Terkaple
Dan Terkaple. It âlde skoalgebou yn Terkaple moat, wat ús oanbelanget, nei it doarp. Wy fine dat de gemeente har ynsette moat om it skoaltsje foar de mienskip en de leefberens fan it doarp te behâlden. En dan de ferkearssitewaasje yn Terkaple: oplosse! Dit is nûmer 80 yn de begrutting, dy soenen wy graach weromsjen yn de Perspektyfnota letter dit jier. Njonken Terkaple leit it doarp Goaiïngaryp mei it fytspaad wêr't al in soad oar sein is. De FNP fynt: lis dizze allinnich oer de polderdyk oan en net troch de skriezegreide, en oars oan de Marrekrite trochjaan dat wy net mear meidogge en de opdracht werom nimme.
Taalbelied
It Frysk Taalbelied moat no echt opwurdearre wurde, en dêr heart ek jild by. Wy sjogge út nei it nije beliedsstik fan it kolleezje fan b&w.
Balk
Oer it sintrumplan wat opsetten wurdt mei de bou fan it nije MFC: hâldt de gemeenteried en ynwenners der by belutsen, sadat wy aanst net foar in foldongen feit stean. Nim ús mei as ried.
Gearwurking fuotbalklups
Der binne fiergeande plannen mei de gearwurking fan fuotbalklups yn Sint Nyk, Jiskenhuzen en Langwar. En ek op de Lemmer. Wat de FNP oanbelanget: stean njonken de fuotbalklups en help se wêr’t dat kin en hâld ús as gemeenteried op de hichte fan de plannen. Wat bard der aanst mei de frijkommende grûn fan de fjilden en hoe giet it fierder mei it Masterplan Sint Nyk?
Konkludearjend
Foarsitter, ik neamde de wentebouw, it behâld fan romte en natuer, it Frysk taalbelied, it skoalgebou en ferkear yn Terkaple, de fuotbalklups, it fytspaad en it MFC yn Balk. Dit binne in pear punten dy’t de FNP dit jier beneame wol en wêr’t we ekstra op ynsette wolle. By it behanneljen fan de Perspektyfnota foar de simmer komme wy hjirop werom.
Gerda de Vries-Suierveld
FNP fraksje De Fryske Marren
It betooch fan Gerda de Vries is hjirûnder op fideo werom te sjen, of fia YouTube troch hjir te klikken.
De hiele riedsgearkomste is werom te sjen fia de webcast.
De wurklist fan dizze riedsgearkomste stiet op dfm.bestuurlijkeinformatie.nl.