NIJS   22-11-2012


Súdwest-Fryslân: foarsitter Gerbrandy wurdt boargemaster Achtkarspelen

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat woansdei 21 novimber besluten om Germ Gerbrandy (60) by de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oan te trunjen om him foar te dragen ta boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. FNP-Skarsterlân wol Gerbrandy fan herte lokwinskje mei dizze boppeslach.

FNP Germ Gerbrandy Gerbrandy is op dit stuit fraksjefoarsitter fan de FNP yn de ried fan de gemeente Súdwest-Fryslân, wêr't de FNP 6 sitten hat. Dêrfoar wie hy wethâlder yn de gemeente Wymbritseradiel. Nei goedkarring fan de foardracht troch de minister, is de ferwachting dat Gerbrandy healwei jannewaris as boargemaster fan Achtkarspelen ynstallearre wurde sil as opfolger fan tydlik boargemaster Piet Adema. It is noch net bekend wa't de nije fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wurdt. Boppedat sil dy fraksje ek noch beslute moatte wa't it frijkommen plak yn de fraksje ynnimme sil.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer