Durk Stoker is opgroeid op 'e Jouwer en is in polityk persoan mei in soad ûnderfining. Sa wie hy oant de ferkiezings fan novimber 2017 FNP wethâlder yn ús buorgemeente Súdwest-Fryslân. Fierders is Durk Stoker foarsitter fan de lanlike partij OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie; wêr’t de FNP ûnderdiel fan útmakket) en hy is op it stuit fraksjefoarsitter fan de FNP yn Súdwest-Fryslân.
“Binnen ús party binne wy tige bliid mei Durk Stoker, it is de goeie persoan op it goeie momint”, sa’t bestjoersfoarsitter Wouter Wouda dat neamt. Mei Durk Stoker as betûft persoan kin ek it kolleezje neffens de FNP goed fierder. Sa nimt de FNP ek dizze bestjoersferantwurdelikens wer op har.
Meikoarten sil Durk Stoker as wethâlderskandidaat foarlein wurde oan de gemeenteried, dy’t it lêste wurd hat yn de beneaming.
Bestjoer en fraksje FNP De Fryske Marren