NIJS   24-10-2012


Súksesfolle FNP kaderjûn lytse skoallen

De FNP organisearre op 1 oktober in kaderjûn oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân. In opmaat foar it nije FNP ferkiezingsprogram.

Annigje Toering 2012 05   

De FNP organisearre op 1 oktober in kaderjûn oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân. It wie in ferfolch op it iepenbiere sympoasium yn Easterein fan't simmer. De aktiviteit waard mei stipe troch it Wittenskiplik Buro fan ús OSF-fraksje yn de Earste Keamer. Mei in manmachtige opkomst fan FNP riedsleden, wethâlders en Steateleden én mei de útkomsten kinne wy fan in súkses sprekke. 

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

Der blykte in grut draachflak by de FNP-ers te wezen oer de folgjende saken: fan ûnderen op, draachflak, goede kommunikaasje mei de âlders, transparânsje / folsleine iepens fan saken, romte foar maatwurk, each foar de mienskip, in goeie sprieding en beskikberens en berikberens fan it ûnderwiis. Dochs waard der ek searieus omtinken frege foar it âlde en wurdearre ‘gedachtegoed' fan de FNP troch de fraach te stellen ‘Litte wy de lytsskaligens dy't wy koesterje dan hielendal los?'

 

By de antwurden foel op dat der ferskate rjochtingen binne: útgean fan realisme by it hantearjen fan de opheffingsnormen en fan it ferlet fan sosjaal-emosjonele ûntwikkeling fan de bern. Mar ek: net grutter opskale as nedich is, behâld fan de eigenens fan it plattelân, dy't in eigen yntrinsike wearde hat. Guon merke op dat net altyd dúdlik is wat it begryp ‘kwaliteit' eins ynhâldt,  neist de noarmen fan de Ynspeksje. Dit freget om in bettere (bredere?) definysje. Plattelânskultuer, identiteit fan it ûnderwiis, de posysje fan it Frysk, meartaligens, de berne-opfang en de pjutteboartersplakken soene dêr eins yntegraal yn meinommen wurde moatte.

 

De resultaten fan dizze kaderjûn kinne as opmaat tsjinje foar de bywurke ûnderwiisparagraaf fan it FNP-programma dêr't we de ferkiezingen mei yn gean kinne.

It wurd is yn earste ynstânsje oan 'e bestjoeren fan de skoallen. Lit it dúdlik wêze dat dêr 'it foech' leit. Fan belang bliuwt lykwols de ynfloed en it stjoeren fan sawol de provinsje as de gemeenten op dit hiele proses wêrby't de FNP ek oan set is.

 

Bijlage: Ferslach FNP kaderjûn lytse skoallen 1 okt 2012



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer