Trije talen yn it ûnderwiis: takomst troch taalferskaat
Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat bern dy't in meartalige opfieding krije, al tige jong trochhawwe dat taal in samling fan ôfspraken is. In gefolch hjirfan is dat se makliker frjemde talen leare kinne, dus fleksibeler yn talen binne, makliker ‘switche' kinne tusken talen as leeftiidsgenoatsjes dy't gjin meartalige opfieding krije.
"Dêrneist ûntwikkelje meartalige bern in better taalgefoel en kinne se yn trochsneed gauwer lêze. Om't se in sprutsen sin earder yn wurden opdiele kinne en wurden yn klanken, hawwe se in grutter wurkûnthâld en binne se better by steat harren oandacht te fokusjen. Se binne fan jongs ôf oan wend om te skeakeljen tusken talen en binne dus by steat de taal dy't op dat stuit yrrelevant is, út te filterjen." Sa skriuwt [1] Edukative Tsjinstferliening CEDIN yn har brosjuere.
Trije talen yn it ûnderwiis
Yn 1997 is yn
Fryslân in proefprojekt fan de miet gien, dêr't it prinsipe fan de meartalige
opfieding brûkt wurdt as útgongspunt foar in ûnderwiisfoarm: it trijetalich
ûnderwiis. Trijetalich ûnderwiis is ûnderwiis wêrby't trije ferskillende talen
(Ingelsk, Frysk en Nederlânsk) as ynstruksjetaal
brûkt wurde. Oan dit projekt diene sân ferskillende skoallen mei. Dit projekt
wie tige súksesfol en alle sân skoallen hawwe besletten om troch te gean mei it
trijetalich ûnderwiis. Hjirút is it Netwurk
Trijetalige Skoallen (3TS) ûntstien, dat op dit stuit út 41 skoallen bestiet.
De partisipanten fan 3TS krije fergees begelieding op it mêd fan taalûntwikkeling
en meartalich ûnderwiis. Dêrneist dogge dy skoallen mei oan it Anglia-projekt.
Dat is in projekt, stipe troch EuroSchool
en it Europeesk Platfoarm, wêrby't
learlingen dy't slagje foar dit projekt, in ynternasjonaal erkend diploma krije.
De dielnimmende skoallen krije begelieding en finansjele stipe foar it oanlûken
fan in Ingelske taalassistint. Dêrneist krije skoallen dy't meidogge ek
subsydzje foar nei-opliedingsprojekten foar it Ingelsk en it Frysk.
![]() |
![]() |
![]() |
Yn 1980 is it Frysk in ferplichte fak wurden yn de provinsje Fryslân. Dêrnjonken hat Nederlân yn 1992 it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden' ûndertekene dêr't Nederlân yn ferplichte is om it Frysk te hoedzjen en noedzjen. Yn 1996 is dat Hânfêst troch de Twadde en Earste Keamer goedkard en dêrnei ratifisearre. Hjirby waarden de Fryske taal en de streektalen Nedersaksysk en Limburchsk erkend op Europeesk nivo, wêrby't allinnich op it Frysk in grut oantal (48) spesifike maatregels en ferplichtingen út diel III fan dat ferdrach fan tapassing ferklearre waarden. It Frysk wie nammers al yn Nederlân erkend sûnt de jierren fyftich fan de foarige ieu. Underwilens binne de Friezen net allinnich yn Nederlân (sûnt 2005) mar ek yn Dútslân (sûnt 1998) as nasjonale minderheid erkend troch it ‘Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden'. It ramtferdrach omfettet û.o. talige eleminten dy't it rjocht op it learen en ûnderwizen fan de eigen taal garandearje en it opsetten fan ûnderwiisynstellingen yn de eigen taal stypje moatte soe.
By it trijetalich ûnderwiis spylje trije talen in grutte rol binnen de skoalle.
De trije talen wurde net allinnich as fak ûnderwiisd, mar ek brûkt om les yn te
jaan by oare fakken. Der is pas sprake fan in trijetalige skoalle wannear't
trije talen yn in bepaalde ferhâlding brûkt wurde as fak- of fiertaal. De learkrêft
jout dan bygelyks skiednis, in kreatyf fak, biology of ierdrykskunde yn it
Ingelsk of Frysk. Sa kinne Nederlânsk en Frysk brûkt wurde yn de ferhâlding
50/50, 60/40 of 70/30. Ferskillende ferhâldingen yn de ferdieling fan de fiertaal
binne mooglik; it hinget ôf fan de kar dy't de skoalle makket. Foar in
trijetalige skoalle is de minimumnoarm: twa deidielen Ingelsk yn de wike as
fier- of ynstruksjetaal by oare fakken en/of aktiviteiten. Yn de boppebou komt
it Ingelsk derby as fiertaal. Op in trijetalige skoalle moat it Ingelsk yn de
boppebou minimaal ien deidiel wyks as fiertaal brûkt wurde. It konsekwint
brûken fan de fier- of ynstruksjetalen is tige wichtich. Yn it trijetalich
konsept wurdt it Frysk net as in apart fak jûn, mar wurdt it Frysk (en dêrneist
ek Ingelsk en Nederlânsk) tapast as fiertaal.
Foardielen fan trijetalich ûnderwiis
It oanlearen fan mear talen is wichtich foar de ynternasjonale kommunikaasje. Of, simpel sein: de bern moatte har yn binnen- en bûtenlân rêde kinne. Ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk hat kear op kear oantoand dat de basisskoalle omtinken jaan moat oan de memmetaal fan it bern. As dy goed ûntwikkele wurdt, giet it learen fan oare talen folle makliker. Foar bern en foar skoallen biedt it trijetalich ûnderwiis in soad foardielen. Sa binne bern har bewust fan meartalichheid, wurde se taret op in maatskippij wêrby't it praten fan mear/ ferskate talen in wichtige rol spilet, wurdt it algemiene taalgefoel stimulearre, lêze dy bern ek gauwer en hawwe in better wurkûnthâld. Skoallen krije finansjele stipe en ekstra begelieding as se trijetalich ûnderwiis tapasse yn de skoallen. Dêrneist binne de learresultaten fan learlingen neffens deputearre Jannewietske de Vries sadanich dat: "... de trijetalige skoallen de bêste skoallen fan Fryslân binne." en: "... elk bern opfange yn syn/har eigen taal, ...ynternasjonale skoallen..., ... fan ús lytsskaligens in foardiel meitsje..., kennisynstellingen sterker meitsje troch mear gearwurking en ferbiningen te lizzen mei de ûndernimmers..., goed ûnderwiis..., goed oplate bern..."
Rol fan it Frysk
Wat de taalbehearsking
oanbelanget: 94% fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân kin it Frysk
ferstean, 74% praat it ek werklik, 76% kin it lêze en 30% kin it skriuwe (sifers
'Fluchhifking 2011'). Mei dy feiten yn de efterholle is it net mear as logysk
en pedagogysk ferantwurde om it Frysk yn de skoalkultuer te yntegrearjen. As it
Frysk net yntegrearre wurde soe, waard it bern de kâns ûntnommen om de eigen kultuer
te ferrykjen, bewust te wurden fan de eftergrûn dêr't hja skielk út tinke en
hannelje sille en foaral: in ekstra taal te learen. As dat net dien wurdt,
hannelet de skoalle tsjin in Ramtferdrach en it Hânfêst, dêr't yn beskreaun
stiet dat it Frysk stimulearre wurde moat en nea yn in mindere posysje set
wurde mei. Op it net neilibjen fan it Hânfêst en it Ramtferdrach steane lykwols
gjin sanksjes.
Dêrneist moat de skoalle pedagogysk ferantwurde hannelje: it trijetalich
konsept hat allinnich kâns fan slagjen as in stevige basis lein wurdt foar it
learen fan mear talen. Dy basis is de ‘memmetaal' dêr't op trochbreide wurde
moat. Boppedat is bewiisd dat wannear't der mear tiid ynvestearre wurdt yn it
Frysk, soks gjin inkel negatyf effekt hat op it Nederlânsk. Stoefer noch: oan 'e
ein fan groep 8 litte bern in útbalansearre twatalichheid sjen. Sels binnen de skoallen
dêr't Frysktaligen in minderheid foarmje, is it Frysk alsa mear as te plak yn
it basisûnderwiis.
Untwikkelingen en foarútsjoch
It konsept fan trijetaligens hat in soad potinsje yn him. Dat sjogge ek de pabû's. Dêrom beaen Stenden Hogeschool en de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert fan 10 novimber 2010 ôf in trijetalich programma foar studinten oan. Dy proef wie sa'n súkses dat se yn septimber 2012 oergien binne op it oanbieden fan in trijetalige pabû-oplieding. Fia dy wei wurde studinten oplaat ta eabele learkrêften dy't bekwaam binne om trijetalich ûnderwiis te jaan. It wurkfjild reagearret posityf op dizze ûntwikkeling en hat oanjûn, dat dy studinten terjochte kinne op ien fan de 41 basisskoallen dy't trijetalich ûnderwiis jouwe.
De tendins past yn dizze tiid fan ynternasjonalisearring. Troch de wei fan it trijetalich ûnderwiis binne skoallen yn Fryslân fersekere fan it ôfleverjen fan learlingen dy't har prima profilearje kinne yn de wrâld. De krêft fan dizze ûnderwiisfoarm leit yn it kombinearjen fan de betroude lytsskalichheid mei de kânsen fan de ynternasjonalisearring.
Wat kin dit foar jo skoalle betsjutte?
Yn it
boppesteande artikel binne de foardielen fan trijetalich ûnderwiis te lêzen. It
trijetalich ûnderwiis is benammen foar skoallen yn Fryslân in nijsgjirrige en
foarútstribjende ûntwikkeling sûnt der inisjativen binne ‘om it foech foar
taalûnderwiis nei it provinsjebestjoer te heljen' [2],
en ek sûnt lektoaren roppe om mear trijetalige skoallen [3].
Om in trijetalige skoalle te wurden moat kontakt opnommen wurde mei it
‘taalsintrum' Frysk (www.taalsintrum.nl).
Dêrnei kin oansluting by it 3TS folgje. Dêr wurdt it trajekt út ein set,
wêrby't stap foar stap [4]
nei in trijetalige skoalle ta wurke wurdt. Wol moat beseft wurde dat soks net
in proses fan de iene op de oare dei is. Der moat rekken holden wurde mei
faktoaren as OR/MR, skoalplan, oanpassingsfermogen fan de skoalle en it fermidden,
de organisaasje, ensafuorthinne. Mar:
Trijetalich ûnderwiis is in grutte stap foarút!
Chris van Hes
Studint oan de PABO Meppel
Chris is al in skoftke yn de skaadfraksje fan FNP-Skarsterlân, wêr't hy ûnder oaren it ferslach fan de fraksjegearkomsten fersoarget. Boppesteand stik hat 'er skreaun om't der op de PABÛ in wedstriid útskreaun wie wa't it bêste artikel skriuwe koe; dat artikel soe dan ek publisearre wurde yn it ûnderwiisblêd PRAXIS. Myn artikel is útkeazen ta it bêste artikel ûnder de PABÛ studinten. Spitigernôch is de PRAXIS redaksje fan miening dat it stik 'te regionaal' is, en der sit net in praktysk komponint yn. Dêrom wurdt it artikel net publisearre yn it blêd sels mar op de webstee fan PRAXIS: www.praxisbulletin.nl
[1] http://www.3ts.nl/images/trijetalige-skoalle2011.pdf
[2] http://www.lc.nl/friesland/regio/article14730453.ece
[3] http://itnijs.nl/2012/02/nije-lektor-meartaligens-wol-mear-trijetalige-skoallen/