![]() |
Sterke man Wout Zijlstra iepenet mei it swurd fan Grutte Pier |
![]() |
Partijfoarsitter Nynke Beetstra hâldt har jubileumtaspraak |
Fansels waard ek Pyt Kramer yn it sintsje set, mei syn neef Folkert Binnema yn 1962 oprjochter fan de FNP. Foarsitter Nynke Beetstra krige út hannen fan Wout Zijlstra it earste eksimplaar fan de Gouden Glimmer oanbean, it spesjaal makke jubileummagazine, mei in ryk ferskaat oan foto's, ynterviews, anekdoates en histoaryske feiten oer de FNP. Yn har taspraak wiisde Beetstra derop dat de FNP ek de kommende 50 jier breanedich bliuwt om foar it behâld fan Fryslân en it Frysk te striden. "Om foar te kommen dat Fryslân te'n ûndergiet yn de skaalfergruttingsideology fan Haachske machtspolitisy."
|
Partijfoarsitter Nynke Beetstra mei de Gouden Glimmer
|
![]() |
FNP jongerein foarsitter Saapke Voolstra en FNP oprjochter Pyt Kramer |
Op it sympoasium "Identiteit: Krêft en Kâns!" giene de beide sprekkers professor James Kennedy en de Flaamske EFA-Europarlemintariër Frieda Brepoels yn op it begryp identiteit. In eigen regionale identiteit betsjut foar Kennedy gjin isolemint mar in kâns om de regio sterker te meitsjen yn de hjoeddeiske dynamyske wrâld. Foar Brepoels is it dêrby ek fan belang dat in regio de eigen taal yn stân hâldt, want neffens har ferdwynt mei de taal ek it folk. Yn de diskusje dy't nei de ynliedingen folge, murk FNP-deputearre Johannes Kramer noch op dat it by identiteit om in ‘thúsgefoel' giet.
![]() |
It jongste lid fielt him ek al thús by de FNP ... |
![]() |
In soad gasten op de resepsje |
![]() |
FNP deputearre Johannes Kramer en eminint lid Klaas Bruinsma |
Nei it serieuze middeispart folge de ûntspanning mei in grut feest. Fansels mei iten en drinken, feestlike muzyk fan Wiltsje fan Peazens, kabaret oer en mei FNP'ers troch Jelle Bangma en tapaslike lieten troch Bauke van der Woude en syn kombo. Fansels waard ek by in slokje wol oer polityk praat, mar der waard ek in soad lake. Want in noflike sfear mei humor en relativearring heart likegoed by de FNP as it striden foar Fryslân, de Fryske mienskip en de Fryske taal en kultuer.
![]() |
De leden fermeitsje harren |
![]() |
Foto's mei tank oan Lútzen Jongema en Nynke Beetstra |