NIJS   30-10-2011


Nacht fan de Nacht 2011 rûnom it Nannewiid

Yn de 'Nacht fan de Nacht' op 29 oktober hawwe ús riedsleden Jochum Meester en Wiebe Hoekstra mei dien. Hja rûnen mei in sechstichtal oare dielnimmers mei oan in tocht fan sa'n njoggen kilometer om it feangreidemarke It Nannewiid hinne.

Underweis waarden der folksferhalen út dizze kontreien ferteld oer ierdmantsjes en soksawathinne troch ferhalenferteller Wiebe Hoekstra. Gedichten oer benammen nachtdieren waarden foardroegen troch de bekende Broekster dichteres Marije Roorda.

 

Der wurdt foar pleite dat yn de omjouwing fan It Nannewiid safolle mooglik griene lantearnpeallen komme. Se steane al lâns de Badwei. Ek de FNP hat al sûnt jierren as belied dat we 'freonen fan de nacht' binne. Op ferskate plakken yn ús gemeente wiene der op 29 oktober fan dit soart fan inisjativen. Foto's en ek in ferslach fan de tocht rûn it Nannewiid kinne jim fine op: www.vriendenvanhetnannewiid.nl

 

Nacht van de Nacht 2011
Foto: Jochum Meester

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer