Sjouke Kuindersma is hikke en tein op 'e Jouwer. In man dy't De Jouwer in gesicht jûn hat, jo kamen him altyd op 'syn' Midstrjitte tsjin. En mear as 50 jier yn 't spier mei allerhande aktiviteiten om De Jouwer op 'e kaart te setten; tink mar oan de Romantyske Merke. Mei it ferstjerren fan Sjouke ferlieze wy in belutsen lid, ferliest De Jouwer in markante ynwenner, mar boppenal ferliest Frou Kuindersma har maatsje en de bern en bernsbern harren heit en pake. Wy winskje de famylje in hiel soad sterkte ta yn de kommende swiere tiden.
Bestjoer en fraksje FNP-Skarsterlân
foto: Dick Verton